Skip to main content

Gelovigen, dominees en geleerden

Boekpresintaasje fan opstellen fan Wiebe Bergsma †

 

De Fryske Akademy nûget jo graach út foar de presintaasje fan it boek fan Wiebe Bergsma (†): Gelovigen, dominees en geleerden. Opstellen over Friese en Nederlandse geschiedenis in de vroegmoderne tijd. Redigearre en ynlaat troch Klaas van Berkel, Hans Cools en Hans Mol, m.m.f. Lydia Janssen (Uitgeverij Verloren, Hilversum 2019).

 

    Wannear: freed 14 juny 2019, 15.30 oere
    Wêr: Eekhoffseal, Histoarysk Sintrum Ljouwert, Grienewei 1, 8911 EH Ljouwert
    Tagong: de tagong is fergees. Opjefte yn it foar wurdt lykwols op priis steld. Dat kin, oant en mei moandei 10 juni 2019 fia it opjefteformulier
    Fiertaal: Nederlânsk
    Utnûging en programma: Frysk (pdf), Nederlânsk (pdf)

 

Wiebe Bergsma, foto: Jacob van Essen

Yn 2015 ferstoar, fierstente jong, de Fryske histoarikus Wiebe Bergsma. Al rillegau dêrnei ûntstie yn de rûnte fan freonen en kollega’s it plan om in bondel mei fersprate artikels gear te stallen. Net allinne as earbetoan, mar ek as in mooglikheid om in twadde libben te jaan oan bydragen dy’t it fertsjinje om jitris ûnder de oandacht fan in breed en ynteresearre publyk te kommen.

Sûnt syn earste grutte publikaasje oer de spiritualist Aggaeus van Albada yn 1983 gou Bergsma as kenner fan de Radikale Reformaasje fan de sechstjinde iuw, wylst er as meiwurker fan de Fryske Akademy it beoefenjen fan de iermoderne skiednis fan Fryslân nije ympulsen jûn hat. Mar hy wie in histoarikus dy’t oanhâldend tsjin de tiid yn roeide: hy stelde fragen dêr’t oare histoarisy noch net oan ta wiene en dy’t dus ûntbeäntwurde bleaune, en hy krige amper erkenning foar syn omfangrike boarne-ûndersyk, omdat dat doe (tydlik) efkes út de moade wie. De yn dizze bondel presintearre essays hannelje oer de ferhâlding tusken religy en polityk, oer lekeleauwigen en grifformearde pioniers en oer dreaune gelearden. Hoe’t minsken troch God beweegd waarden, stiet hyltiten foarop, mar Bergsma wit dy tematyk ek op treflike wize yn in Europeesk, ferlykjend ramt te setten.

De publikaasje is mei mooglik makke troch it Frysk Akademyfûns en de Boersma-Adema Stichting.

  

Oer it boek

Bergsma, W. †, redigearre en ynlaat troch Klaas van Berkel, Hans Cools en Hans Mol, m.m.f. Lydia Janssen, Gelovigen, dominees en geleerden. Opstellen over Friese en Nederlandse geschiedenis in de vroegmoderne tijd. Hilversum: Verloren. 330 siden, € 39,00. ISBN nû. 978-90-8704-796-2. Akademy-nûmer 1115.