Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
WFT
English

HISGIS: Histoarysk GIS Fryslân

It Historisch GIS Fryslân (www.hisgis.nl) is op 13 desimber 2005 begűn mei allinnich de lagen 1832 en 1700. Dęroan is in laach fan de midsieuske kleasterbesittings tafoege. Dy waard konstruearrre op basis fan ferkeapgegevens út de argivalia fan de Steaten fan Fryslân út de jierren 1638-1644.

Op 1 jannewaris 2007 is in ferbredingsprogramma fan start gien mei stipe fan de Stichting Ruimte voor Geo Informatie (RGI) en in grut tal Fryske kulturele fűnsen. Dat resultearre ein novimber 2007 yn de útwreiding fan it systeem mei in tal ekstra ynformaasje- en kaartlagen dy’t de kombinaasjemooglikheden sterk fergrutsje. It giet dęrby om útwreiding op trije gebieten. 1. Yn it foarste plak is in rasterfunksje űntwikkele dy’t it mooglik makket topografyske kaarten en luchtfoto’s as eftergrűn te brűken. 2. Twads is der in ynhâldlike ferbreding. Sa is in laach taheakke fan alle pleatsen fan 1640. Foar dat jier is in komplete registraasje bewarre bleaun űnder de namme fan Stimkohieren, dy’t streekrjocht mei de rekonstruksje fan de pleatsen fan 1700 ferbűn wurde kin. Op dy fundearring binne dęrnei oare lagen ‘metsele’, mei as earste dy fan de toponimen (fjild- en delsettingsnammen). Foar de âldere perioaden is fan belang in oersjoch fan de parochytsjerken mei har hilligen, de grinzen fan har parochygebiet en har lânbesit. Fierder is wurke en wurdt fierder wurke oan in lokalisaasje fan de midsieuske stinzen mei it byhearrende lânbesit, en de mannichte galgen dy’t fóar 1515 oeral yn Fryslân stien hawwe. 3. In tredde űnderdiel bestiet foar Ljouwert, Boalsert en De Jouwer út it oanbringen fan in keppeling tusken de kadastrale perselen en de hűsnűmers. Foar dy stęden koene, by wize fan foarbyld, ferskate administraasjes út de iere njoggentjinde ieu oan it systeem ferbűn wurde, te begjinnen mei in oantal folkstellings. Dat is bard yn gearwurking mei it NIDI (demografysk ynstitút fan de KNAW) yn Den Haach, it Histoarysk Sintrum Ljouwert en in tal frijwilligers út Boalsert.

Sűnt de presintaasje fan ein 2007 wurdt wurke oan in fierdere ekstinsje fan it systeem, sawol ynhâldlik as technysk. Meiwurkers binne: D. Drukker, K.F. Gildemacher, P.L.G. van der Meer, P.N. Noomen, M. Reiling (NHL) en S. Strating. De lieding is yn hannen fan J.A. Mol.

kadastrale kaart 1832 + rekonstruksje kleaster- en tsjerkebesit + stinzen + rekonstruksje doarpsgrinzen
Mooie woorden

“Ús âldfaars taal ferhúnd, ferstaat, ferproppe wie nęsteby yn it reach betiisd, yn it jierfek stoppe”

“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)


Frysk Frysk