Personal tools
You are here: Home Algemien Bestjoerlike organisaasje
Document Actions

Bestjoerlike Organisaasje

Op grûn fan it karbrief fan 20 juny 2005 hat de stifting Fryske Akademy in Rie fan Tafersjoch. De deistige lieding is yn hannen fan in direkteur-bestjoerder, dy't dêrby stipe wurdt troch in Management Team. De Rie sjocht ta op it troch de direkteur-bestjoerder fierde belied en behear.

De Rie fan Tafersjoch bestiet út:

  • Marten Koopmans (Ljouwert)
  • drs. Folkert van der Meulen (Grins)
  • prof. dr. Eric J. Reuland (Hilversum)
  • drs. Hans Bronneman (Voorburg)
  • mr. Douwe P. de Vries (Hurdegaryp)

Direkteur-bestjoerder

  • Prof. Reinier Salverda, direkteur-bestjoerder fan 'e Fryske Akademy

Management Team

Binnen it MT giet it foaral om it gehiel fan de Fryske Akademy. Der wurdt besletten, besprutsen en advisearre tsjin de eftergrûn fan 'e mienskiplike saken fan de FA. De haadtaak is it soarch dragen foar de deistige lieding fan de FA. Allinne as men it net iens wurde kin, hat de direkteur-bestjoerder in trochslachjaande stim. Leden fan it MT binne de direkteur-bestjoerder, it haad algemiene saken drs. Jos Tjalsma en de fakgroepshaden dr. Hanno Brand, dr. Arjen Versloot en prof.dr. René Jorna.

Wittenskipskommisje

De Wittenskipskommisje hat as taak om oan 'e direkteur, de Rie fan Tafersjoch en de KNAW frege en net-frege advizen te jaan oer it belied en it wittenskiplike programma fan 'e stifting Fryske Akademy. Leden fan 'e wittenskipskommisje binne prof.dr. Thony Visser (Leiden), prof.dr. Sietske Waslander (Grins),  prof.dr. Willy Martin (Universiteit van Amsterdam), prof.dr. Pim Kooij (Rijksuniversiteit Groningen), prof.dr. Roelant van Hout (Radboud Universiteit Nijmegen) en prof.dr. Joh. Fokkema (TU Delft) foarsitter.

Maatskiplike Advysrie

De Maatskiplike Advysrie kin de direkteur, de Rie fan Tafersjoch en de provinsje Fryslân frege en net-frege advizen jaan oangeande de maatskiplike tsjinstferliening fan 'e stifting, dêr't ek it stypjen fan de frijwilligers binnen de stifting Fryske Akademy ûnder falt. Leden fan 'e Maatskiplike Advysrie binne: mr. Ernest M.W. de Lange, drs. Theunis R. Piersma, Akkie Lindeboom-Jager en Pieter F. Visser.


It wurk fan de Fryske Akademy wurdt mooglik makke troch de stipe fan


Beide ynstellings steane garant foar it meastepart fan de finânsjes, mar drage ek op oare wize by oan it fuortbestean fan de Akademy.


Powered by Plone CMS, the Open Source Content Management System