Doelstellingen
Wat is en docht de Fryske Akademy?
De
Fryske Akademy - oprjochte yn 1938 - is it wittenskiplik sintrum
fan Fryslân.
De Akademy hâldt him dwaande mei wittenskiplik ûndersyk en wittenskiplik ûnderwiis oangeande Fryslân en syn befolking, syn
taal en kultuer yn de wiidste omfieming. De wittenskippers fan de Fryske Akademy bringe al goed 70 jier al datjinge dat karakteristyk is foar Fryslân, yn kaart. De
Fryske taal, de skiednis en de mienskip binne de ûnderwerpen dêr't
ûndersyk nei dien wurdt. De Akademy hat yn de jierren fan syn bestean mear as 1000
wittenskiplike boeken, tûzenen artikels en in grut tal
rapporten oer dy ûnderwerpen produsearre.
De Akademy hâldt him dwaande mei bygelyks
- letterkunde fan it âldste Frysk oant it Frysk fan hjoed de dei
- taalkunde en leksikografy
- wurdboeken, lykas it Wurdboek fan de Fryske Taal
- skiednis
- nammekunde
- histoaryske geografy
- in rige kadastrale en preekadastrale atlassen
- bestjoerskunde
- twataligens en autochtoane minderheidkultueren
Middels om it doel te ferwêzentlikjen
Om syn doelstellingen te ferwêzentlikjen hat de Akademy sa'n 40 wittenskippers yn tsjinst, dy't harren talizze op it dwaan fan ûndersyk en it skriuwen fan publikaasjes, in tal heechleararen dy't oan de Universiteiten fan Leien en Amsterdam ûnderwiis fersoargje en sa'n 30 stipeferlienende krêften. Fierders hat de Akademy
- in taalburo dêr't elk terjochte kin mei fragen oangeande de Fryske taal
- in stikmannich wurkferbannen en wurkgroepen dêr't jo aktyf oan meidwaan kinne
Fryslân en de Fryske taal
De Fryske taal is ien fan de wichtichste mêden fan ûndersyk fan de Fryske Akademy. De lêste jierren nimt it brûken fan de Fryske taal, ek yn it taalferkear fan de oerheid, gelokkich wer ta. Boppedat binne ek yn inkele gemeenten de plaknammen offisjeel yn it Frysk fêststeld. Dat hat wolris oars west. Yn it ûnderwiis bygelyks wie it in skoftlang op in sêft sin set. It wittenskiplike omtinken foar de Fryske taal en kultuer koe nei de oprjochting fan de Akademy yn 1938 flink útwreide wurde. Mei de produksje fan de ôfrûne 70 jier hawwe Akademy-meiwurkers Fryslân yn al syn fasetten foargoed in plak op de wittenskiplike kaart jûn.
It Fryskeigene
Tûzenen publikaasjes hawwe by de Akademy harren wei fûn, mar foar in soad minsken binne de Akademy-aktiviteiten lykwols noch ûnbekend. Soe de ôfstân fan 'wittenskip' en de Fryske mienskip te grut wêze? Soene de wittenskippers mei harren foarsichtige útspraken te wifeljend oerkomme? Is 'wittenskip' te dreech? Of bestiet der in foaroardiel dat 'Frysk' te min foarstelt? De Fryske Akademy besjocht it 'Frysk' oars. Se wol der wiidweidich ûndersyk nei dwaan en feiten en ferbannen boppe wetter helje. Troch ûndersyk te dwaan wurdt de kennis oer taal, skiednis en mienskip hyltiten fergrutte en ek op de ynternasjonale aginda pleatst
In iepen ynstitút
Ut it foargeande docht bliken dat de Akademy eins in hiel iepen ynstitút is. Foar en fan Fryslân en elkenien dy't der ynteresse foar hat. Oer de wittenskiplike publikaasjes wurdt ek noch wiidweidich skreaun yn in algemien ynformatyf tiidskrift, dat de Fryske Akademy útjout. Ut de smidte fan de Fryske Akademy is in blêd dat om it fearnsjier ferskynt. Dêr steane stikken yn oer alles wat mei de Akademy te krijen hat. En fansels ynformaasje oer de nijste publikaasjes. It Beaken is it wittenskiplik tiidskift fan de Akademy; it blêd ferskynt fjouwer kear yn 't jier en befettet wittenskiplike bydragen oer útrinnende tema's.