Digestum Vetus
It projekt Digestum Vetus Digitaal omfiemet in digitale ûntsluting fan in 15de-ieusk Kamper stedsboek, dat nei alle gedachten as in Liber Memorialis op de stedelike sekretary funskjonearre hat. Fanwege de kombinaasje fan tekst en pentekenings en de direkte relaasje tusken ynhâld en tekenings kin it Digestum Vetus as in unike boarne yn Nederlân beskôge wurde. Fierwei de measte tekenings binne fan 'e hân fan de Kamper sekretaris Pieter Hendrikszn. Troch de mannichte en de fariaasje fan tema’s dy’t yn dit stedsboek opnommen binne, biedt it Digestum in unike blik op gâns aspekten fan it deistich libben yn Kampen yn it tredde kwart fan de 15de ieu. Dêrneist jouwe de tekenings ynsjoch yn de materiële kultuer fan de tiidgenoaten én yn de ynteresses en yntellektuele bagaazje fan de kompilator. It projekt hat ta doel dizze unike boarne sawol foar wittenskippers as foar it grutte publyk en it ûnderwiis tagonklik te meitsjen fia in moderne ynternetapplikaasje. Troch in XML-database te brûken, wurdt it mooglik makke de digitalisearre boarne, de krityske tekstedysje en de hertaling yn modern Nederlânsk te rieplachtsjen. It projekt is in gearwurkingsferbân tusken de Ryksuniversiteit Groningen, it Kamper Archief, de IJsselacademie en sûnt 1 jannewaris 2009 ek de Fryske Akademy. De finansiering wurdt fersoarge trocht NWO, de Gemeente Kampen, de Gratema Stichting en de Fryske Akademy. Útfierders binne: prof.dr. D.E.H. de Boer (projektlieder-RUG) dr. Hanno Brand (FA) en dr. Job Weststrate (RUG). De ICT-applikaasje wurdt fersoarge troch dr. E.A. Koster (earder RUG) en A. Wouters (Kamper Archief).