Hilligen en hearen
Stúdzjes oer patroanhilligen en parochygeastliken yn it Noarden fan Nederlân fóar 1600
Oars as yn grutte dielen fan West-Europa liket de tsjerklike organisaasje yn it noarden fan Nederlân yn de Midsieuwen in lokaal karakter hân te hawwen. Rome wie fier fuort en ek biskoppen en lânshearen bemuoiden har hjir amper mei de ynrochting fan de tsjerke. Yn Fryslân, Grinslân en Drinthe wie gjin sprake fan absenteïsme, waarden de pastoars foar it grutste part rekrutearre út de lokale befolking en oefene de lokale elite in grutte ynfloed út op it tsjerkebestjoer. Drs. O.D.J. Roemeling analisearret ien en oar op basis fan in wiidweidige dokumintaasje, dy’t alle tsjerken mei har ûnderskate fûnsen, geastliken en patrosinia yn de trije noardelike provinsjes omfiemet. Syn ûndersyk dat útmûne moat yn in dissertaasje, wurdt begelaat troch prof.dr. J.A. Mol.