Personal tools
You are here: Home Ûndersyk Skiednis Historyske Basiskaart fan it Grinzer kustgebiet Historyske Basiskaart fan it Grinzer kustgebiet
Document Actions

Historyske Basiskaart fan it Grinzer kustgebiet

It giet hjir om in projekt ta fektorisearring en digitalisearring fan it Kadaster fan 1832 as ynfrastruktuer foar in Histoarysk GIS fan de provinsje Groningen. It wurdt útfierd troch de Fryske Akademy mei stipe fan it Waddenfonds en yn gearwurking mei oare partijen, te witten de ôfdieling Ekonomyske en sosjale skiednis fan de Rijksuniversiteit Groningen, de learstoelgroep Agraryske skiednis fan de Universiteit Wageningen, de Rijksdienst voor Archeologie, Cultuurlandschap en Monumenten, en de ôfdieling Geografy fan de Universiteit van Amsterdam. Doel is om in digitaal systeem op basis fan de âldste kartografyske besitsregistraasje te meitsjen dat as grûnslach foar de kultuerskiednis fan it Waddengebiet tsjinje kin. Foar de Fryske regio is dat al beskikber yn de foarm van HISGIS Fryslân. Dit projekt is te beskôgjen as in útwreiding dêrfan, by wize fan ynhaalslach. It projekt foarsjocht ek yn de gearstalling fan in rapport dêr’t de mooglikheden, nut en needsaak yn oanjûn wurde fan de ‘ferriking’ fan it systeem mei allerhanne kaart- en datalagen, bygelyks mei rekonstruksjes fan pleatsen tebek yn de tiid, it midsieuske kleaster- en tsjerkebesit, administrative grinzen, histoarysk-topografyske kaarten, luchtfoto’s, keppelings mei hûsnûmers en befolkingstellings ensfh.

Kaart kustgebied


            It projekt stiet ûnder lieding fan prof.dr. J.A. Mol en S. Strating (FA). Foar de oare partisipearjende ynstellings wurdt meiwurking ferliend troch dr. J. Hartmann (UvA), prof.dr.ir. M. Spek (RACM), prof.dr. M. Duijvendak (RUG) en prof.dr. P. Kooij (WUR). De ‘einprodukten’; in HISGIS Groningen 1832 en boppeneamd rapport oer de ferrikingsmooglikheden voor Grinslân, wurde oplevere yn novimber 2009.



Powered by Plone CMS, the Open Source Content Management System