Personal tools
You are here: Home Ûndersyk Skiednis Hofkultuer
Document Actions

Hofkultuer

Yn 2000 waard in gearwurkingsprojekt fan NWO en de Fryske Akademy ôfsletten mei de publikaasje fan it boek Liefde in opdracht. Het hofleven van Willem Frederik van Nassau (Ljouwert/Amsterdam 2000). Dizze Nassau leit op in minne namme yn de Nederlânske skiednis om’t er Amsterdam ynnimme woe. Mei op basis fan 'e yn 1995 publisearre deiboeken fan de Fryske steedhâlder Willem Frederik sketst de auteur Luuc Kooijmans in libben byld fan it Fryske hoflibben, de yntriizjes, it patronaazjestelsel, de houlikspolityk en de ferhâlding tusken Ljouwert en De Haach. Willem Frederik is yn syn deiboeken hiel iepen oer ûnderwerpen as sykte, lusten, dranksucht, berou en skuld.


Powered by Plone CMS, the Open Source Content Management System