Personal tools
You are here: Home Ûndersyk Skiednis Oera Linda-boek
Document Actions

Útjefte Oera Linda-boek

Fan it Oera Linda-boek besteane twa Nederlânske edysjes. De earste, fan 'e hân fan J.G. Ottema, ferskynde yn 1872 (twadde print 1876), de twadde fan 'e hân fan J.F. Overwijn yn 1941 (twadde print 1951). Sawol Ottema as Overwijn leauden dat de tekst út 'e âldheid kaam en harren útjeftes drage dêrfan de spoaren; de dûbelsinnigens fan 'e tekst is yn harren oersettings foar it grutste part ferlern gien. Benammen de edysje fan Ottema hat dêrby op 'e resepsjeskiednis fan it boek grutte ynfloed hân, om't syn oersetting de grûnslach wie fan in tal bûtenlânske edysjes. Om dy reden hat Goffe Jensma in nije edysje fersoarge, mei in faksimilee, in transkripsje en in nije oersetting en in tal apparaten mei kommintaar en ferwizings. De publikaasje is útkommen  op 9 april 2006


Powered by Plone CMS, the Open Source Content Management System