Personal tools
You are here: Home Ûndersyk Skiednis Prekadastrale Atlas Prekadastrale Atlas fan Fryslân 1700/1640
Document Actions

Prekadastrale Atlas fan Fryslân 1700/1640

It twillingprojekt ‘Kadastrale en Prekadastrale Atlas fan Fryslân 1640-1832' wurdt útfierd yn 'e mande mei dr. J.H.P. van der Vaart, it Kadaster en Tresoar. By de útjefte fan de prekadastrale atlas gie it om in rekonstruksje tebek yn ‘e tiid (1700/1640) fan pleatsen as besitsienheden op basis fan floreen- en stimkohieren.Tagelyk binne ek de yn 'e kohieren opnommen toponimen ynventarisearre en lokalisearre. Al dit materiaal is oars ek digitaal ynfierd en ynpast yn it HISGIS.

Op dit stuit binne der 17 dielen ferskynd. De lêste binne dy fan Westdongeradiel en Eastdongeradiel/Dokkum dy't yn 2003 presintearre waarden. It materiaal foar de oare gemeenten kin yntusken allyksa op de HISGIS-site rieplachte wurde. Der wurdt wurke oan in technyske adaptaasje dêr't de brûker gaadlike útdraaien foar de ûnderskate doarpen en gritenijen fia it ynternet generearje kin.

Neiere ynformaasje oer de floreen- en stimkohieren fynt men yn: J.A. Mol en P.N. Noomen, ‘De floreenkohieren’ in: Broncommentaren 4. Bronnen betreffende de registratie van onroerend goed in Middeleeuwen en Ancien Régime, G.A.M. Van Synghel (red.) (Den Haag 2001) 369-396; en yn:  J.A. Mol en P.N. Noomen, ‘De Prekadastrale Atlas fan Fryslân' [PDF - 257 kB], Caert-Thresoor. Tijdschrift voor de geschiedenis van de kartografie in Nederland 17 (1998) 33-37.

J.A. Mol

P.N. Noomen



Powered by Plone CMS, the Open Source Content Management System