Taal yn Fryslân
In stúdzje nei taalbehearsking, taalgebrûk, taalhâlding en identiteit fan in trochsneed fan de befolking fan Fryslân. Yn 1994 is it fjildwurk útfierd foar dizze tredde algemiene taalsosjologyske survey as ferfolch op 'Taal yn Fryslân' fan Gorter-en-dy, holden yn 1980 en 'De Friezen en hun taal' fan Pietersen út 1967. Der is no in unike samling foar in part goed ferlykbere gegevens ta stân kommen oer in tiidrek fan in fearnsieu. Mei it ûndersyk kin ûnder oaren antwurd jûn wurde op de fraach oft beskate tendinzen yn de taalferhâldingen harren yn de jierren tachtich yndie trochset hawwe
Fan de útkomsten is in koart oersjoch ferskynd
yn boekfoarm (‘Taal yn Fryslân op ‘e nij besjoen) en wurdt mannich
kear gebrûk makke foar artikels en lêzingen.
