Persoanlik ark
Jo binne hjir: Thússide Ûndersyk Sosjale Wittenskippen Underwiisûndersyk Nei Skoalle
Dokumint aksjes

Nei Skoalle

Yn dizze stúdzje binne de skoalprestaasjes fan de Fryske learlingen yn it basis- en fuortset ûnderwiis en de dielnamesifers yn it Fryske VWO bestudearre. Dizze stúdzje is it earste part fan in mânsk wittenskiplik ûndersyk nei ûnderwiisprestaasjes yn Fryslân. It ûndersyk is yn opdracht fan de Provinsje Fryslân útfierd troch de Fryske Akademy en de Rijksuniversiteit Groningen. De sintrale fraach fan it earste part fan it ûndersyk is oft der yn Fryslân sprake is fan in efterstân yn it basis- en fuortset ûnderwiis.

De ferlykjende analyzes binne útfierd op twa nivo’s; yn it foarste plak binne de Fryske ûnderwiisgegevens ôfset tsjin lanlike data. Oanslutend binne der ferlikings lutsen mei trije referinsjeprovinsjes, dy’t neffens beroppestruktuer en mjitte fan ferstêdliking goed oerienkomme mei Fryslân. Dêrfoar binne Drinte, Seelân en Limburch selektearre.


It basisûnderwiis

It docht bliken dat yn it basisûnderwiis de Fryske learlingen, los fan de wagingsfaktor, benammen in efterstân te hawwen op it mêd fan rekkenjen.

De Fryske learlingen (wagingsfaktor 1.0) yn groep 8 binne wat rekkenfeardichheid oanbelanget yn trochsneed 3 ûnderwiismoannen efter neffens harren jiergenoaten yn de rest fan Nederlân. De Fryske efterstân neffens de Limburchske learlingen is mei 5,3 ûnderwiismoannen noch grutter. Itselde jildt foar de Fryske learlingen mei de wagingsfaktor 1.25. Dy groep Fryske learlingen is respektivelik 2,9 en 5,4 ûnderwiismoannen efter op de learlingen yn de rest fan Nederlân en yn Limburch.

Oangeande de taalfeardichheid litte de Fryske learlingen ek in efterstân sjen. Dêrby binne de Fryske learlingen (wagingsfaktor 1.0) yn groep 8 yn trochsneed 2,8 ûnderwiismoannen efter neffens de learlingen yn de rest fan Nederlân. Neffens de Sieuwske en Limburchske jiergenoaten binne de Fryske learlingen respektivelik 6,7 en 4,5 ûnderwiismoannen efter.

De sinjalearre ûnderwiisefterstannen yn groep 8 binne wichtich. Dy learlingen steane nammentlik op it punt om fan it basisûnderwiis oer te stappen nei it fuortset ûnderwiis. Mei it each op de resultaten moatte wy konkludearje dat in part fan de Fryske learlingen mei in relative efterstân op taal- en rekkenfeardichheid yn it fuortset ûnderwiis út ein set.

It fuortset ûnderwiis

It earste part fan it ûndersyk yn it fuortset ûnderwiis is rjochte op de dielnamepersintaazje yn it VWO. Ut de ferlykjende analyzes docht bliken dat de Fryske dielnamepersintaazjes yn it VWO yn de skoaljierren 1989/’90 oant en mei 1999/2000 hieltyd 4 prosint leger binne as yn de rest fan Nederlân. It trochsneed dielnamepersintaazje yn Fryslân (12%), berekkene oer de alve skoaljierren, is dan ek dúdlik leger as yn de rest fan Nederlân (16%). Neffens Limburch (17%) is it Fryske trochsneed dielnamepersintaazje frijwat leger.

De legere partisipaasje yn it VWO yn Fryslân is earder ek al fêststeld troch Duipmans (1984). Syn analyzeresultaten jilde foar de skoaljierren 1965, 1970 en 1976. Op basis dêrrfan konkludearje wy dat de legere partisipaasje yn it Fryske VWO in struktureel patroan is.

It twadde part fan it ûndersyk nei it fuortset ûnderwiis rjochtet him op de eksamensifers. Dêrrby binne de eksamensifers fan it sintraal eksamen fan de skoaljierren 1995/’96 oant en mei 1998/’99 analisearre. Ut de ferlykjende analyzes docht bliken dat de Fryske learlingen yn it VBO hast altyd legere eksamensifers helje as de learlingen yn de rest fan Nederlân en de trije referinsjeprovinsjes.

De Fryske learlingen yn it MAVO helje yn trochsneed hegere eksamensifers as de learlingen yn de rest fan Nederlân, mar neffens de Sieuwske en Limburchske learlingen binne de eksamensifers wer hast altyd leger.

Yn it HAVO en VWO binne de trochsneed eksamensifers fan de Fryske learlingen hast gelyk oan dy fan de learlingen yn de rest fan Nederlân en Drinte, mar neffens de Sieuwske en Limburchske learlingen binne de Fryske eksamensifers wer hieltyd leger. Yn dy hegere ûnderwiissoarten leit it swiertepunt fan de Fryske efterstân by de moderne talen en eksakte fakken.


De sintrale fraach oft der yn Fryslân sprake is fan in ûnderwiisefterstân yn it basis- en fuortset ûnderwiis moatte wy op grûn fan de ûndersyksresultaten befêstigjend beäntwurdzje. De Fryske efterstânssituaasje hat foar in part te krijen mei de beroppestruktuer fan de befolking en de mjitte fan ferstêdliking fan it gebiet. Dochs kinne de beroppestruktuer en ferstêdliking wis net in folsleine ferklearring jaan foar de oantoande Fryske efterstân. Faze 2 fan it ûndersyk rjochtet him op de ferklearring fan de Fryske ûnderwiisefterstannen.

De rapportearre ûndersyksresultaten biede gjin oanknopingspunten om wittenskiplik ûnderboude beliedsútstellen ta it ferbetterjen fan de Fryske ûnderwiissituaasje te formulearjen: dêrfoar is faze 2 fan it ûndersyk foarsjoen.


Foar mear ynformaasje: dr. E.C.M. van Ruijven



Makke mei Plone