Persoanlik ark
Jo binne hjir: Thússide Ûndersyk Taalkunde Dialektology Dialektgeografy
Dokumint aksjes

Dialektgeografy

Dialektgeografy

De lêste jierren is wurke oan de opbou fan in digitaal bestân mei materiaal oer de Fryske streektalen. It âldste enkêtemateriaal is út de 19e ieu. It giet om twa enkêtes fan it ‘Aardrijkskundig Genootschap’ út 1879 en 1895 en om materiaal oer de Fryske dialekten dat yn 1886 troch Th. Siebs sammele is. Troch ferliking fan dat materiaal mei it nijere kinne wy in soad gewaar wurde oer de ûntjouwings yn it sprutsen Frysk fan de lêste hast oardel ieu.

Fierders binne alle oantekens fan Jan Jelles Hof (brûkt foar syn Friesche Dialect-geograhie fan 1933) digitalisearre. In part dêrfan sit yn de database. Ek de enkête fan Kapteyn út 1937 is yn de database opnaam.

Foar yntern gebrûk binne fan ek de útkomsten fan de Fonologische en Morfologische Atlas van de Nederlandse (en Friese) Dialekten, alle útkomsten fan de Fryske Akademy enkêtes út it tiidrek 1978 - 1995 digitaal makke en fierders is fan elk item in kaart makke dy't op de FA yn te sjen is. Ut dy lêste enkête jouwe wy hjir twa foarbylden: ljip en rút.


Takomst

Op koarte termyn begjinne wy mei de rekonstruksje fan de Taaldatabank. Dan sil ek it dialektmateriaal dat wol al digitaal is, mar noch net on-line beskikber is, oan de Taaldatabank taheakke wurde. Fierders sil yn it ramt fan it ALFALAB-projekt besocht wurde in kaartprogramma yn te bouwen yn de Taaldatabank. ALFALAB is in automatisearringprojekt dat yn de simmer fan 2008 fan los sil en dêr't de Fryske Akademy gearwurket mei KNAW-ynstituten lykas it Meertens Instituut.


Kontaktpersoan: Arjen Versloot


Makke mei Plone