Taaldatabank Midfrysk / ier-Nijfrysk
Alle boarnen út dit tiidrek binne sammele en útjûn, foar it measte yn de rigen Estrikken fan it Frysk Ynstitút fan de Universiteit fan Grins. De Fryske Akademy hat al dat materiaal digitaal opslein yn de taaldatabank 'Midfrysk'. It korpus is fierhinne folslein lemmatisearre. Dat wol sizze dat alle wurden oan in lemmafoarm ( = de opsykfoarm yn in wurdboek) keppele binne en dat útmakke is hokker foarm it is; bgl. hokker persoan en tiid fan in tiidwurd, of inkeltal of meartal fan in haadwurd, ensfh.
It korpus befettet likernôch 0,5 miljoen tokens mei foech 80.000 ferskillende wurdfoarmen fan 21.000 ferskillende lemma's. Frysk materiaal út dat tiidrek dat noch net bekend en útjûn wie, is okkerlêsten ferskynd as Frysk fan 1550 oan 1801, útjûn fan Philippus Breuker, Estrik/Ålstråk 82, Grins/Kil/Ljouwert, 2008. De sprekwurdsamling fan Burmania (1641) is mei wiidweidich kommentaar útjûn troch Frits van der Kuip yn De Burmaniasprekwurden (Ljouwert 2003).
De Taaldatabank jout tagong
ta de teksten en it sykprogramma op wurden en
wurdfoarmen. Jo hawwe twa sykmooglikheden om in Midfrysk wurd yn
syn kontekst en fan dat wurd de ûnderskate (bûgings)foarmen te
besjen: troch in Midfryske foarm of de Nijfryske lemmafoarm yn te
typen. De opmaak fan de side
en de sykmooglikheden wurde yn de rin fan 2008 ferbettere en útwreide. Op de side kinne jo jo
oanmelde as brûker fan de taaldatabank. Folgje de ynstruksjes op it
skerm. By problemen kinne jo kontakt opnimme mei Arjen Versloot.
Teksten dy't skreaun binne yn it Hylpersk, Molkwarders of
Skiermûntseagersk fan dy tiid, binne yn de taaldatabank yn in apart
dielbestân 'Dialfoar1800' ûnderbrocht. Bestudearring fan dit âldere Frysk mei help fan de Taaldatabank hat in list fan lokalisearre
auteurs en teksten opsmiten. Der binne ek guon anonime teksten by, dy't
op basis fan ynhâld en taalskaaimerken te lokalisearjen wiene. De
lokalisaasjes binne brûkber foar histoarysk dialektûndersyk.

| namme | lokalisearring | jier |
| 16e ieu | ||
| Reyner Bogerman | Eanjum | 1547 |
| Rienck Hemmema | Hitsum | 1571 |
| 17e ieu | ||
| Mr. Jan Sickes | Akkrum | 1671 |
| - anonym 1626a | Balk | 1626 |
| Gysbert Japicx | Boalsert | 1650 |
| M. Lasis | Burchwert | 1675 |
| Vitus Ringers | Doanjum | 1686 |
| - anonym 1655g | Dronryp | 1655 |
| Pieter Freercks | Eagum | 1649 |
| J. Arcerius | Frjentsjer | 1658 |
| J. v. Hichtum | Hichtum | 1650 |
| - anonym 1672b | Hylpen | 1672 |
| J. Hilarides | Hylpen | 1693 |
| - anonym 1675c | It Hearrenfean | 1675 |
| Sipke Hendricx Duynterp | Jutryp | 1661 |
| Titia Brongersma | Kollum | 1686 |
| - anonym
1602-Vredeman lieten |
Ljouwert | 1602 |
| J.J. Starter | Ljouwert | 1626 |
| Klaas Pieters Hoeckstra | Ljouwert | 1679 |
| Hero à Schingen | Skingen | 1635 |
| J.A. Znitzer | Snits | 1654 |
| Sijoerd Oenes | Surhuzum | 1641 |
| G. van Burmania | Tsjummearum | 1614 |
| A.R. | Warkum | 1681 |
| 18e ieu | ||
| - anonym 1795 | Akkrum | 1795 |
| - anonym 1782e | Aldskoat | 1782 |
| R[inse] W[obbes] | Arum | 1736 |
| - anonym 1796c | Berltsum | 1796 |
| D.M.B.F.S.S.T.E.P.S. | Burgum | 1731 |
| - anonym 1778g | Bûtenpost | 1778 |
| Philips Frederik Vegilin van Claerbergen | De Jouwer | 1707 |
| De FRIESZE HYSTOORJESCHRUWWER. | De Jouwer | 1796 |
| Sjoerd van Dokkumborg | Dokkum | 1743 |
| F.H. van der Ploeg | Dokkum | 1777 |
| B. Fabrycius | Drachten | 1766 |
| W. H. van Sijtzamá | Driezum | 1783 |
| - anonym 1784a | Dronryp | 1784 |
| P. Ferwerda | Ferwert | 1767 |
| Dy fin Frientier | Frjentsjer | 1703 |
| S. Althuysen | Frjentsjer | 1752 |
| Jan Althuysen | Frjentsjer / De Lytse Jouwer |
1754 |
| A. D. | Garyp | 1760 |
| J. R. Tasma | Grou | 1709 |
| J.H. Halbertsma | Grou | 1792 |
| Hans Classes | Heech | 1744 |
| - anonym 1703b | Hylpen | 1703 |
| - anonym 1729az | Hylpen | 1729 |
| - anonym 1753b | Hylpen | 1753 |
| - anonym 1754e | Hylpen | 1754 |
| Foeke Sjoerds | Ie | 1764 |
| J. Tadema | Langwar | 1706 |
| M. Covperus | Ljouwert | 1754 |
| Jelke Jdses Tinga fin Liouwerd. | Ljouwert | 1785 |
| Hessel Joukes Schilstra | Lytsewierrum | 1786 |
| J. Rommertz | Makkum | 1767 |
| F. Rondaan | Makkum | 1768 |
| J. Sjoerds | Makkum | 1769 |
| Cynthia Lenige | Makkum | 1773 |
| Marike Rommerts | Makkum | 1775 |
| D. Lenige | Makkum | 1784 |
| W. Gjerrits | Makkum | 1793 |
| - anonym 1796f | Menaam | 1796 |
| Æ: J: P: M: E: | Mitselwier | 1756 |
| - anonym 1715c | Molkwar | 1715 |
| J. Hilarides | Molkwar | 1718 |
| H. Braunius | Molkwar | 1745 |
| - anonym N-Dc | Molkwar | 1750 |
| P. Oosterkamp | Nijhoarne | 1726 |
| Coop Roels | Rottefalle (De) | 1783 |
| Melle Ruurds Venenga | Skiermûntseach | 1787 |
| R. de Lover | Snits | 1710 |
| - anonym 1750c | Stiens | 1750 |
| D. Simonides | Surch | 1732 |
| Zymen Gellerts | Tsjom | 1778 |
| - anonym 1741c | Warkum | 1741 |
| P. Coupeer | Wergea | 1734 |
| E. Meinerts | Westergeast | 1779 |