Fakgroep Sosjale Wittenskippen
Elly Albers (dokumintaliste)Elly hat nei har HBU-oplieding wurke as bibliotekaresse yn iepenbiere bibleteken, de museumbibleteek fan it Tropemuseum yn Amsterdam en yn mediateken yn it fuortset- en heger beropsûnderwiis. Hja hâldt har op it stuit dwaande mei it ûnderhâld en de akwisysje foar de fisike bibleteek en de bibliografyske databank op de webside fan it Mercator Kennissintrum.
Tel.: 058 - 2336913 / E-mail: W.P.J.M. Albers
|
![]() |
Jelske Dijkstra (promovendus)Jelske Dijkstra wurket sûnt maart 2005 by de Fryske Akademy as wittenskiplik ûndersiker. Mei de oplieding logopedy hat sy it frij doktoraal spraakkommunikaasje mei spesjalisaasje spraaktechnology oan 'e UvA yn Amsterdam dien.
Op 'e Akademy wurket sy oan it projekt F-TARSP. Tel.: 058 - 2343058 / E-mail: drs. J.E. Dijkstra
|
![]() |
Piet Hemminga (bestjoerskundige)Piet Hemminga (1946) studearre sosjale wittenskippen oan 'e Rijksuniversiteit Groningen. Nei syn ôfstudearjen wie er goed tweintich jier beropsmjittich warber op it mêd fan it kultuerbelied. Sûnt septimber 1993 is er as bestjoerskundige yn tsjinst fan 'e Fryske Akademy.
Hy is promovearre oan 'e Universiteit van Amsterdam op in ynternasjonaal ferlykjend ûndersyk: 'Het beleid inzake unieke regionale talen'. Yn 2001 ferskynde ûnder syn redaksje: 'De Aktuele Steat fan Fryslân'. Yn 2002 en 2006 die er ûndersyk nei de Fryske wethâlders. Op it stuit is er dwaande mei in ûndersyk nei de boargemasters yn Fryslân. Hy docht fierder ûndersyk nei it taalbelied en de bestjoerlike organisaasje. Regelmjittich ferskine fan syn hân skôgings oer ûnderskate aktuele politike en bestjoerlike ûnderwerpen. Tel.: 058 - 2343041 / E-mail: dr. P. Hemminga
|
|
Adrie Kaspers (sekretaresse)Adriana Kaspers (Adrie) is sekretaresse by it Mercator Kennissintrum. Dêrneist docht hja administrative wurksemheden foar de fakgroep FSW en foar de UvA. Hja hat it Middelber Ekonomysk en Administratyf ûnderwiis yn Ljouwert folge en is yn 1981 as direksjesekretaresse yn it bedriuwslibben oan 'e slach gien.
Yn 1990 is hja as administratyf meiwurkster beneamd by de Nederlânske Kommisje fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen. Sûnt 1998 is hja de sekretaresse fan it Mercator Kennissintrum. Tel.: 058 - 2343027 / E-mail: A. Kaspers
|
![]() |
Cor van der Meer (Mercator Kennissintrum)Cor van der Meer is sosjolooch en wurket as koördinator by it Mercator Kennissintrum fan de Fryske Akademy.
Cor wurket sûnt 1990 foar de KNAW. Earder as senior spesjalist by it Steinmetz-archief / NIWI, it Nederlânske data-argyf foar de Sosjale Wittenskippen. Hy hat bestjoersfunksjes by in tal ynternasjonale organisaasjes op it mêd fan ûndersyksdata, ynformaasje en technology. Tel.: 058 - 2343063 / E-mail: drs. C. van der Meer
|
![]() |



