Personal tools
You are here: Home Mercator Mercator Kennissintrum
Document Actions

Mercator Europeesk Kennissintrum

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is rjochte op kennis ferwerven, kennis sirkulaasje en kennis tapassing. Yn it wurk wurdt omtinken jûn oan it learen op skoalle, mar ek oan de taaloerdracht thús, op it wurk of yn de frije tiid en troch kultuerpartisipaasje. It Mercator Kennissintrum is yn Europa in wichtich ynstitút op it mêd fan meartaligens en taallearen. Startpunt is it Frysk as eigen taal fan Fryslân en minderheidstaal yn Nederlân. It Mercator Kennissintrum mobilisearret en bringt kennis en kompetinsjes by elkoar dy’t yn oare lidsteaten en oare meartalige regio’s ûntwikkele binne. Op dy wize befoarderet it Mercator Kennissintrum it taalferskaat fan Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende ynstelling wêr’t sa wol de beliedsmakkers as de profesjonele wurkers yn it fjild mei fertrouwen gebrûk fan meitsje kinne. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa.


Powered by Plone CMS, the Open Source Content Management System