Taalburo
Wa't wat witte wol oer it Frysk of it brûken dêrfan kin terjochte by it Taalburo fan 'e Fryske Akademy. It buro jout antwurd op fragen oer stavering, formulearring of terminology en kin advys jaan by it opstellen fan teksten.
It Taalburo is spesjalisearre yn it oersetten fan wat dregere teksten mei faktermen yn it Frysk (bgl. notarisakten, amtlike stikken, technyske dokuminten). Foar it oersetten wurdt in fergoeding yn rekken brocht.
Jo kinne jo fragen stelle troch in e-mail te stjoeren nei it taalburo .
- Grut Frysk Diktee 2010
- Standertlist fan plaknammen yn Fryslân
-
Fryske staveringshifker Windows 2000 en heger (XP, 2003) + Office 2000 en heger (XP, 2003)
-
Fryske Staveringshifker Word 97
- List Fryske kompjûtertermen
Kontakt: Taalburo