Personal tools
You are here: Home Taalburo Taalburo Grut Frysk Diktee 2010
Document Actions

Grut Frysk Diktee 2010

André Looijenga wint 10de Grut Frysk Diktee

Auck Peanstra en André Looijenga

Auck Peanstra en priiswinner André Looijenga

De 27-jierrige André Looijenga út Grins (berne yn Tersoal) hat tiisdeitejûn 20 april 2010 it tsiende Grut Frysk Diktee wûn dat yn de steateseal fan it Provinsjehûs te Ljouwert holden waard. Looijenga makke mar fiif flaters yn it diktee ‘Muzyk yn Fryslân’ dat skreaun wie troch sjonger en lietsjeskriuwer Piter Wilkens, en foarlêzen waard troch skriuwster Auck Peanstra.

 

Njonken de 35 minsken dy’t harren kwalifisearre hiene foar dit diktee, diene der in tal bekende Friezen mei. Ut dy kategory kaam skriuwster Lida Dijkstra as bêste út de bus. Hja makke 8,5 flaters.  Drege wurden foar de dielnimmers wiene ûnder oaren ‘spyllju’ en ‘palissander’.

 

Middeis wie der in diktee foar learlingen út de heechste groepen fan it basisûnderwiis. Dat diktee is wûn troch Hiske Slager fan basisskoalle De Tsjelke út Holwert.

 

It Grut Frysk Diktee is in inisjatyf fan de Fryske Akademy, Afûk, Cedin en It Fryske Boek.

 

Klik hjir foar it diktee

 

 

Diktees eardere jierren


Powered by Plone CMS, the Open Source Content Management System