Plaknammen yn Fryslân
Standertlist mei alle plaknammen yn Fryslân
| Trochklik nei Standertlist foar plaknamme mei de letter (+ nûmer fan de gemeente) | Trochklik nei Omkearregister (fan offisjeuze nei offisjele fariant) foar plaknamme mei de letter |
|
Plaknammen yn Fryslân wol foarsjen yn it ferlet fan in aktuële standertlist mei de offisjele (en offisjeuze) toponimen fan alle plakken mei in doarps- of stedsstatus. In nij oersjoch is needsaaklik wurden fanwegen de wizigingen yn de lêste desennia fan de topografyske oantsjuttingen troch staveringsferoaringen, gemeentlike weryndielingen, gearfoegingen fan plakken, wikseling fan de offisjele en offisjeuze nammen, feroaring fan doarpsstatus, ensfh. Bestjoerders, amtners, sjoernalisten, sakelju, adminstrateurs en sa fierder kinne hjir har foardiel mei dwaan. De plaknammelist is alfabetisearre op
de offisjele fariant. Dy offisjele fariant (yn de byhearrende
stavering) is de namme dy't troch de gemeenteried as sadanich
fêststeld is. As der fan in plaknamme in offisjeuze fariant
bestiet, wurdt dy tusken heakjes achter de offisjele oanjûn. Yn it
gefal fan It Bilt, East-Kollumerlân, de Stellingwerven en de
waadeilannen wurdt boppedat de fariant yn de oanbelangjende
streektaal (bygelyks yn it Biltsk of it Stellingwerfsk) as twadde
foarm opnommen. By de offisjeuze foarm is safolle mooglik sjoen nei
de foarm en stavering sa't dy troch de gemeenten semy-offisjeel
brûkt wurde, bygelyks op de kombuorden. Yn dizze list binne
diakrityske tekens yn de Fryske ferzjes op haadletters oanjûn. Yn
de praktyk wurde dy meastentiids weilitten. Achter elke offisjele
namme mei de eventuële fariant(en) ferwiist in sifer nei de
gemeente dêr't it plak yn leit. De list mei offisjele (en
offisjeuze) gemeentenammen stiet hjir neist. Om de Fryske,
Nederlânske en streekfarianten útinoar te hâlden, wurdt it Fryske
toponym fetprinte en de streektalige skeansetten. Dizze list is bywurke oant en mei de nammeferoaring fan de gemeente Ferwerderadiel fan 1 jannewaris 1999. Mochten dêrnei grutte feroaringen har foardwaan, dan sil de list wer aktualisearre wurde. De gearstallers, septimber 1997. |
A B C D E F G H I J K L M N O P R S T U V W Y Z |
Inkele
opfallende letterkombinaasjes yn de Fryse stavering
(haadregel): ea as ee yn ned. beer ê as è yn ned. crème û as oe yn ned. boek ô as o yn ned. controle â as o yn ned. controle ú as u yn ned. ruzie g as yn it Frânske garçon Gemeentenammen 1 Achtkarspelen 2 Ameland (It Amelân) 3 Bildt, Het (It Bilt) 4 Bolsward (Boalsert) 5 Boarnsterhim 6 Dantumadeel (Dantumadiel) 7 Dongeradeel* (Dongeradiel) 8 Ooststellingwerf (Eaststellingwerf) 9 Ferwerderadiel (Ferwerderadeel) 10 Vlieland (Flylân) 11 Franekeradeel (Frjentsjerteradiel) 12 Gaasterlân-Sleat (Gaasterland-Sloten) 13 Harlingen (Harns) 14 Heerenveen (Hearrenfean) 15 Kollumerland c.a. (Kollumerlân c.a.) 16 Lemsterland (Lemsterlân) 17 Littenseradiel 18 Leeuwarden (Ljouwert) 19 Leeuwarderadeel (Ljouwerteradiel) 20 Menaldumadeel (Menameradiel) 21 Nijefurd 22 Opsterland (Opsterlân) 23 Skarsterlân (Scharsterland) 24 Schiermonnikoog (Skiermûntseach) 25 Terschelling (Skylge) 26 Smallingerland (Smellingerlân) 27 Sneek (Snits) 28 Tytsjerksteradiel (Tietjerksteradeel) 29 Weststellingwerf 30 Wymbritseradiel (Wymbritseradeel) 31 Wûnseradiel (Wonseradeel) * De gemeente beskôget dit sels as de Fryske foarm. Provinsjenamme Fryslân (Friesland) |
PLAKNAMMEN YN FRYSLÂN
Utjefte fan de Ried fan de Fryske Beweging / Versloot-kartografy
Utjûn mei stipe fan de gemeenten Boarnsterhim, Tytsjerksteradiel en Littenseradiel.
De gegevens út dizze útjefte binne frij te brûken foar oanpassen en bywurkjen fan eigen gegevensbestannen. It brûken fan (dielen út) dizze útjefte op kommersjele basis mei net oars as mei skriftlike tastimming fan de útjouwers.
De list is mei de grutste soarch gearstald. De útjouwers binne lykwols net ferantwurdlik foar skea dy't it gefolch is fan mooglike flaters dy't op dizze side foarkomme.