Swierrichheden by it skriuwen fan in ientalich Frysk hânwurdboek
Troch Rienk de Haan en Hindrik Sijens
Sûnt it úteinsetten yn 1990 is de wurktitel fan it projekt dat útrinne moat op in ferklearjend hânwurdboek fan it Frysk: Frysk-Frysk wurdboek. Yn dy titel leit alwer opsletten dat wy mei de wurdboekskriuwerij yn Fryslân altyd tinke út de twatalige sitewaasje wei. It Frysk is in ûnbegryplike taal dy't fersteanber makke wurde moat troch it Latyn, Deensk, Ingelsk of Hollânsk. Yn hast alle oant no ta ferskynde Fryske wurdboeken slacht in twadde taal foar master op: of it Fryske wurd wurdt yn dy taal oerset of it wurdt yn dy taal ferklearre. En wy sitte blykber sa ûnder dat twangjok fan in grutte broer dat wy ek fan in frysktalich ferklearjend hânwurdboek sizze dat it Frysk-Frysk is. Krekt as soe in Frysk wurd yn it Frysk oerset wurde moatte. Hoe apart as dy wurktitel is docht bliken as men it oerset nei in oare situaasje, nei in oare taal: Het Van Dale woordenboek 'Nederlands-Nederlands' .
Frysk as fiertaal: ideology en wittenskip
It wurdboek sa't dat no skreaun wurdt is in logyske stap yn de emansipaasje fan it Frysk. Dêrmei hawwe wy ien fan de twa wichtichste redenen by de kop om te kommen ta in ientalich ferklearjend hânwurdboek: It ideologysk motyf. De status fan in taal wurdt ferhege as it in hânwurdboek hat dat de eigen taal brûkt om de wurdskat te ferklearjen. In wurdboek yn de eigen taal is foar offisjele talen fanselssprekkend, mar foar minderheidstalen faak in ûnmooglike opjefte of in fromme winsk.
In twadde reden om in ientalich hânwurdboek te skriuwen is mear ynhâldlik en wittenskiplik: mei help fan de eigen taal kinne betsjuttingsnuânses better ûnder wurden brocht. Troch de eigen taal foar de definysjes en ferklearrings te brûken moat de wurdboekmakker folle mear trochtinke op 'e krekte betsjutting. Yn 1991 hawwe wy dêr oer skreaun yn it tydskrift De Pompeblêden.
Swierrichheden
It brûken fan de eigen taal as medium om de wurdskat te beskriuwen en te ferklearjen is foar it Frysk sa goed as nij. It tsjil moat dêrom sa no en dan op 'en nij útfûn wurde en men rint gauris tsjin swierrichheden oan. Der binne ek swierrichheden dy't mei it wurk fan leksikograaf mank geane sûnder dat it no daliks te krijen hat mei de frysktalichheid fan it wurdboek. Fan beide soarten swierrichheden jouwe wy yn it neifolgjende wat foarbylden.
1. de tiid
Mei it skriuwen fan it wurdboek binne wy bûn oan in plenning en dat is fansels fierhinne in goede saak: der moat op in stuit in cd-rom, webferzje of boek klear lizze. Mar dat hat wol gefolgen foar it proses fan redigearjen. Krekt op it snijflak fan it foardiel fan ientalich wurdboek boppe in twatalich wurdboek begjint it te knipen. It beskriuwen fan in semantysk fjild as 'foarút gean op skonken' (tink oan rinne, gean, stappe, fottelje, bokselje ensfh.) freget stúdzje. Dat freget tiid en dy is krap en dus komt it neamde foardiel fan in ientalige beskriuwing ûnder druk te stean. De feilige en âlderwetske alfabetyske wize fan beskriuwen wurdt dêrom it measte tapast.
It goed trochtinken fan in wurd en de betsjutting is net altyd mooglik. Dan ûntstiet it gefaar dat men tefolle te seil giet op de Nederlânske wurdboeken. Oan 'e oare kant is it ek wer sa dat men it net per definysje oars dwaan moat as yn de Hollânske wurdboeken.
It projekt rint no goed tsien jier. As wy op dy tiid tebek sjogge kin konstatearre wurde dat dat eins wol in lang skoft is. De taal ûntjout him en der komme nije begripen en wurden by. Tink bygelyks oan de kommunikaasjeterminology mei wurden as SMS-kes, wappe en mobyltsje. De trajekten dy't tsien jier lyn skreaun binne misse dat soarte fan wurden, wylst de lettere stikken se wol hawwe kinne. It giet net allinne om frjemde wurden, ek in wurd as klapreed is in foarbyld en tink ris oan autopet en autopetsje: eartiids wat foar bern ear't se oan de fyts ta wienen en no in hype, en dat is alwer sa'n wurd dat yn 1990 noch net bestie.
2. abstrakte begripen
It Nederlânsk hat in lange tradysje fan leksikografy en it brûken fan de eigen taal. It Nederlânsk hat ek in skriuwtaaltradysje dy't folslein oars is as dy fan it Frysk. De Fryske skriuwtaal stiet tichter by de folkstaal en is dêrtroch konkreter. Foar abstraktere begripen hawwe wy minder gau in wurd. Dat is in swierrichheid dy't men ek tsjinkomt by it jaan fan definysjes. Wy wolle graach yn linige, dúdlike taal de wurden ferklearje en safolle mooglik de stive konstruksjes fan de Hollânske leksikografyske tradysje mije. In foarbyld dêrfan is bygelyks de definysje fan aanrakingspunt yn it wurdboek van Van Dale. Dêr stiet û.o. as betsjutting: de hoedanigheid of omstandigheid waardoor personen of zaken met elkaar in betrekking staan of overeenstemmen. En dêr fine wy drekst al ien fan de minste wurden yn de beskriuwende of metataal: hoedanigheid.
It wurd hoedanigheid komt letterlik net yn it Frysk foar en is foar ús net brûkber. Mar it begryp bestiet fansels wol. Der moat dus keazen wurde foar oare omskriuwings as wy it begryp yn in definysje brûke wolle.
Hoedanigheid is neffens it wurdboek Van Dale hedendaags Nederlands: 1. gesteldheid, kwaliteit, 2. staat, waardigheid, 3. eigenschap.
It Frysk wurdboek Nederlânsk-Frysk fan 1985 ûnderskiedt by hoedanigheid twa betsjuttings en set it mei twa wjergarders oer: 1. kwaliteit, 2 eigenskip. De betsjutting staat, waardigheid, dy't Van Dale noch hat, wurdt net oerset.
As men no it substantyf skaaimerk beskriuwe moat, dan siket men earst om in boppelizzend begryp dat it lemma beflapt, en dan om in neiere útlis dy't it lemma ôfgrinzget fan oare lemmata. Wy as redakteuren sjogge dan wolris stikem yn in Hollânsk wurdboek, yn dit gefal by kenmerk om ús op wei te helpen. Yn Van Dale Hedendaags Nederlands stiet as definysje:
waarneembare hoedanigheid waardoor iemand of iets te onderscheiden is.
Hoedanigheid meie wy net brûke en dêrom moat der wat oars komme. Wat is hjir no krekt hoedanigheid? Giet it hjir om in 'kwaliteit' of 'weardichheid', of om in 'eigenskip'. It lêste komt der it tichtste by. Yn it Frysk soenen je definiearje kinne mei:
waarnimbere eigenskip dêr't eat of immen oan te werkennen is.
Eigenskip moat dan wol yn jins wurdboek definiearre wêze en leafst sa dat it tapasber is yn dizze definysje. Mar pas op: Van Dale Hedendaags omskriuwt eigenschap mei
waarneembaar en onderscheidend kenmerk.
No komt it dus op wachwêzen oan want ear't men it wit rinne wy yn itselde rûntsje as Van Dale. Yn ús wurdboek mei eigenskip dus perfoarst net omskreaun wurde mei it hyperonym kenmerk of skaaimerk. By eigenskip moat dêrom oars en wiidweidiger omskreaun wurde. En sa komme wy by wer in oare swierrichheid.
3. synonimen en definysjes
De trochsneed wurdboekbrûker wol mar in pear dingen witte: Hoe skriuw ik dat wurd, wat betsjut it, hokker synonimen binne der en hoe brûke jo it wurd krekt.
Ferwizings nei synonimen binne de nachtmerje fan 'e leksikograaf, seit P. Bakema earne.
It pear ferniele-ferneatigje giet troch foar synonym. Mar krekt deselde betsjutting hawwe se net. Ferniele is benammen konkreet en kin ek foar in part wêze. Ferneatigje is abstrakter en tsjut mear op totaal, alles, hielendal. De swierrichheid is dus wêr't de grins leit fan wat synonimen binne en wat net. Der is meast sprake fan partsjele synonimy om't de betsjuttings inoar net folslein dekke. Kontekst en konnotaasje spylje dêrby ek in rol. Yn it wurdboek wurdt fan in beskaat lemma in synonym jûn. Om't folsleine synonymy hast net foarkomt is it miskien better en foarsichtiger om yn dit ferbân te praten fan 'wurden mei besibbe betsjuttings'. It is saak om goed nei te gean dat sokke wurden oer en wer neiinoar ferwize. In wurd as gjirrigert hat as synonimen duitsjedief, earn, frek, fûlkater, gjirremyt, gjirrigert, gryk, ielshûd, klauwer, kniezer, krint, krintekakker, neepear, neepke, nepert, skrabber, skrabhâns, skrielhans, skriemer. By definiearrring moat wol goed oanjûn wurde wat de nuânses binne.
In wurdboek moat dúdlike definysjes jaan. By wurden mei in abstrakte ynhâld is it meitsjen fan in definysje dreger, mar konkrete wurden hawwe ek har swierrichheden. Se kinne bygelyks te ensyklopedysk beskreaun wurde. Wat neame je allegear op as je in wurd as Marksisme beskriuwe wolle? Kinne je by appel folstean mei allinne 'frucht fan 'e appelbeam' of fertelle je ek wat oer kleur, foarm en sizze je wat oer de smaak? Hiele folsinnen binne mooglik.
Men kin by omskriuwings ek gebrûk meitsje fan synonimen. Dat is in wurkwize dy't yn striid wêze kin mei it útgongspunt dat definysje dúdlik wêze moatte. Want as jo net witte wat it synonym betsjut, dan binne je noch like fier. En as it synonym wer mei in synonym omskreaun wurdt, dan begjinne je yn in rûntsje te draaien. In foarbyld makket dat dúdlik: it eigenskipswurd djoer kin net definiearre wurde as prizich as by prizich stean soe: djoer.
De adjektiven dy't in eigenskip of kwaliteit fan in substantyf neame, binne soms min te omskriuwen yn in folsin en dan siket men dochs jins heil by it neamen fan synonimen.
By it adjektyf kein stiet kreas en moai, by moai komt men kein en kreas wer tsjin en by kreas komme moai en kein wer foar it ljocht. Dêr kin men fansels net mei folstean en dêrom moat der noch wol wat ekstra ynformaasje jûn wurde. Dat moat yn elk gefal fanwege moai want hokker moai wurdt by kein bedoeld? Dêrom as tafoeging der goed útsjend, dat oerienkomt mei moai, skift 2.
kein <ew. -(d)er, -st>1 kreas, moai, der goed útsjend, sierlik
kreas <ew. kreazer, -t>1 <fan persoanen en har uterlik>goed foarme, moai om te sjen kant, knap, kreep, tsjep
moai <ew. -st moaier,>1 kreas, netsjes om te sjen, mei soarch klaaid 2 fan jinsels kreas fan uterlik, tsjep, knap 3 in posityf estetysk gefoel oproppend, net raar, fraai
In synonym as betsjuttingsomskriuwing kin dus, mar dan moat it synonym op in oar plak yn it wurdboek ferklearre wurde. Men mei de brûker net yn 'e kjeld stean litte. Yn de metataal meie yn prinsipe gjin wurden foarkomme dy't net yn de lemmalist fan it wurdboek steane. Hielendal konsekwint binne wy dêr ek wer net yn. It kin wol foarkomme dat yn in omskriuwing in trochsichtige gearstalling brûkt wurdt, bygelyks yn:
houtgas <hw. it>út hout stookt gas (dat yn 'e Twadde Wrâldoarloch faak brûkt waard yn automotors).
Automotor hoecht net yn it wurdboek beskreaun te wurden, want it is sûnder beswier ôf te lieden is út de gearstallende dielen auto en motor. Trochsichtige gearstalling wurde ommers meastal net opnaam yn it wurdboek. De regel dat wurden út definysjes en omskriuwing ek as yngong yn it wurdboek stean moat jildt dus benammen foar grûnwurden en ûntrochsichtige gearstallings.
Beslút
Anna Wierzbiecka stelt yn har boek Lexicography and conceptual analysis: Defining: difficult but not impossible.
No, sa ûnderfine wy it ek en dat wy fan de likernôch 70.000 te skriuwen lemma's al goed 60.000 dien hawwe, bewiist de wierheid fan dizze stelling.
Literatuer
Haan, R. de, Nei in Frysk-Frysk Wurdboek. [net publisearre, Ljouwert 1989].
Haan, R. de en H. Sijens, 'In Frysk ferklearjend hânwurdboek', yn De Pompeblêden, 62 (1991), nr. 2, pp. 3-4, nr. 4, pp. 8-10.
Van Dale Groot Woordenboek der Nederlandse taal. Utrecht-Antwerpen 199913.
Van Dale Groot elektronisch woordenboek hedendaags Nederlands, versie 1.0. Utrecht-Antwerpen 1997.
Visser, W. Frysk
Wurdboek. Nederlânsk-Frysk 2. Leeuwarden/Ljouwert
1985.
Wierzbicka, Anna, Lexicography and conceptual analysis. Ann Arbor 1985.
Zantema, J.W., Frysk Wurdboek. Frysk-Nederlânsk 1. Leeuwarden/Ljouwert 1984.