Fryske staveringskontrolearder foar Windows 2000 en heger (XP, 2003) en Office 2000 en heger (XP, 2003
|
|
Yn opdracht fan 'e Provinsje
Fryslân hawwe de Fryske Akademy en it
taalautomatisearringsbedriuw Polderland Language & Speech
Technology B.V. in nije ferzje makke fan 'e Fryske staveringshifker
foar Microsoft® Office®. De nije hifker is te brûken by de nijste programma’s fan Microsoft®: fan Windows en Office 2000 oant en mei 2003 (2000 XP, 2003). It programma wurket bygelyks net mei Office 2000 en Windows 98! D e wurdlist, dêr’t de hifker op basearre is, is útwreide mei 72.000 wurdfoarmen. It giet dêrby gauris om moderne wurden, lykas agogysk, akryl of aktualiteiteprogramma. Der binne ek skaaimerken oan wurden tafoege en dêrtroch kinne mear nije gearstallingen te plak brocht wurde. Troch dat alles is de hifker by steat om noch mear wurden werom te kennen. Dy ûntjouwing is in earste stap yn in trajekt om it skriftlik brûken fan it Frysk te stimulearjen troch digitale taalhelpmiddels te ûntwikkeljen en dy tagonklik te meitsjen foar in breed publyk. Fan 25 novimber 2004 ôf is ek de útwreide staveringsfariant de TaalHelp te keap. Mei help dêrfan krijt de brûker mear ynformaasje oer de Fryske taal, lykas oer de betsjutting fan in wurd, alternativen foar minder goed Frysk en de foarkarstavering. Mooglike ferfolchstappen binne de konverzje fan 'e hifker nei oare systemen en applikaasjes, edukative staverders en in Fryske grammatikahifker. De nije Fryske staveringshifker is fergees fan
ús thússide oer
te heljen |
