Personal tools
You are here: Home Útjeften Software Fryske Staveringshifker Staveringshifker foar Word 97
Document Actions

Staveringshifker foar Word 97


Al wat langer is de staveringshifker foar Microsoft Word 97/2000 yn 'e boekhannel te keap foar € 13,50. Dy priis bestiet foar in grut part út de kosten om it programma op diskette te krijen en te fersprieden.

Om't de staveringshifker net befeilige is en elkenien der sadwaande in kopy fan meitsje kin, hat de Fryske Akademy besletten om it programma ek fia de webside oan te bieden. Op it stuit kinne jo de staveringshifker foar Microsoft Word 97/2000 ek fan ús website helje. Dêr binne gjin fierdere kosten oan ferbûn.

It giet om in ynpakte ferzje, dy bestiet út in hantlieding en it staveringsprogramma setupFrysk.exe. Jo moatte dan wol beskikke oer it programma WinZip. Eventueel kinne jo dat earst hjir oerhelje.

De hantlieding hoe de staveringskontrolearder te ynstallearjen is ek noch as los bestân op te heljen.

De staveringskontrolearder foar Word 97 kin by de FA besteld wurde.
De staveringskontrolearder is te besetten yn de boekwinkel fan de Akademy foar € 13,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl


Powered by Plone CMS, the Open Source Content Management System