Ut de Smidte
Ut de Smidte fan de Fryske Akademy:fjouwer kear yn 't jier nijs |
|
Ut de Smidte fan de Fryske Akademy is it tiidskrift dat de Akademy fjouwer kear jiers útjout foar syn leden en stipers, as tsjinprestaasje foar harren jierlikse bydrage. Mei Ut de Smidte jout de Akademy ynformaasje oer de fuortgong fan projekten en publikaasjes, mar ek oare nijtsjes oer it wjerfarren fan de Akademy en syn meiwurkers hawwe der in plakje yn.
Wat fine jo sa-al yn in nûmer fan Ut de Smidte?
Nijs oer it ûndersyk:
-
beskriuwingen fan nije ûndersyksprojekten;
-
fuortgongsmeldingen fan rinnende projekten;
-
foarstellen fan nije projektútfierders.
Nijs oer boeken:
-
oankundigingen fan boeken en rapporten dy't by de Akademy útkomme.
Nijs oer eveneminten:
-
oankundigingen fan lêzingen, stúdzjedagen en kongressen;
-
programma's fan wurkgroepen en wurkferbannen;
-
ferslaggen fan bysûndere eveneminten.
Fierders:
-
nijsgjirrige fynsten en opfallende útspraken;
-
saaklik-organisatoarysk nijs, personalia;
-
rubryk 'út oarremans smidte': nijtsjes fan oare, fakentiid oan de Akademy besibbe ynstellingen.
Wat der ek bart by de Akademy, fan priisútrikking oant publikaasje en fan karbriefwiziging oant kongres - as lêzer fan Ut de Smidte binne jo altiten op 'e hichte.
Wurd stiper fan de Fryske Akademy en lês fjouwer kear jiers yn Ut de Smidte wat de Akademy foar jo beskrept.