Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Bestjoerlike Organisaasje

1) Dr. Piter Sipma (1872-1961), de earste foarsitter fan de Fryske Akademy. 2) Prof. dr. Reinier Salverda (1948), direkteur-bestjoerder sûnt 2006.

Op grûn fan it karbrief fan 20 juny 2005 hat de stifting Fryske Akademy in Rie fan Tafersjoch. De deistige lieding is yn hannen fan in direkteur-bestjoerder, dy't dêrby stipe wurdt troch in Management Team. De Rie sjocht ta op it troch de direkteur-bestjoerder fierde belied en behear.

De Rie fan Tafersjoch bestiet út:

  • Marten Koopmans, Ljouwert (foarsitter)
  • drs. Folkert van der Meulen, Grins
  • prof. dr. Eric J. Reuland, Hilversum
  • mr. Douwe P. de Vries, Hurdegaryp

 Direkteur-bestjoerder

  • Prof. Reinier Salverda, direkteur-bestjoerder fan 'e Fryske Akademy

 

Management Team

Binnen it MT giet it foaral om it gehiel fan de Fryske Akademy. Der wurdt besletten, besprutsen en advisearre tsjin de eftergrûn fan 'e mienskiplike saken fan de FA. De haadtaak is it soarch dragen foar de deistige lieding fan de FA. Allinne as men it net iens wurde kin, hat de direkteur-bestjoerder in trochslachjaande stim. Leden fan it MT binne de direkteur-bestjoerder, it haad algemiene saken drs. Jos Tjalsma en de fakgroepshaden dr. Hanno Brand, prof.dr. Arjen Versloot en prof.dr. René Jorna.

 

Wittenskipskommisje

De Wittenskipskommisje hat as taak om oan 'e direkteur, de Rie fan Tafersjoch en de KNAW frege en net-frege advizen te jaan oer it belied en it wittenskiplike programma fan 'e stifting Fryske Akademy. Leden fan 'e wittenskipskommisje binne prof.dr. Anthonya Visser (Universiteit Leiden), prof.dr. Willy Martin (Universiteit van Amsterdam), prof.dr. Roelant van Houd (Radboud Universiteit Nijmegen), prof. dr. Fred Weerman (Universiteit van Amsterdam), prof.dr. Lex Heerma van Voss (Universiteit Utrecht), prof.dr. Dirk Strijker (Rijksuniversiteit Groningen) en prof.dr. Joh. Fokkema (TU Delft) foarsitter.

 

Maatskiplike Advysrie

De Maatskiplike Advysrie kin de direkteur, de Rie fan Tafersjoch en de provinsje Fryslân frege en net-frege advizen jaan oangeande de maatskiplike tsjinstferliening fan 'e stifting, dêr't ek it stypjen fan de frijwilligers binnen de stifting Fryske Akademy ûnder falt. Leden fan 'e Maatskiplike Advysrie binne: mr. Ernest M.W. de Lange, drs. Theunis R. Piersma, Akkie Lindeboom-Jager en Pieter F. Visser.

It wurk fan de Fryske Akademy wurdt mooglik makke troch de stipe

Beide ynstellings steane garant foar it meastepart fan de finânsjes, mar drage ek op oare wize by oan it fuortbestean fan de Akademy.

 

 

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)