
Wa wie Coulon?
Doelestrjitte 8 - dęr't no de Fryske Akademy fęstige is - is neamd nei Anthonius Coulon, dy't dęr yn de 18de ieu wenne hat. It hűs hjit dęrom Coulonhűs.
Coulon waard berne yn Frankryk yn 1682 en flechte mei syn famylje ein 17de ieu as Hugenoat nei Amsterdam. Begjin 18de ieu sette er him nei wenjen yn Ljouwert as boumaster fan 'e Fryske steedhâlders.
Coulon wurke foar steedhâlder Johan Willem Friso, syn widdo 'Marijke-muoi' en harren soan, dy't letter - as Willem IV - de earste algemien steedhâlder fan 'e Feriene Nederlannen waard.
Coulon hat grutte ynfloed hân op 'e 18de ieske boustyl yn Ljouwert en Fryslân (de 'Hollânske' Lodewyk XIV-styl), dęr't noch hyltiten geve foarbylden fan besteane - lykas it Coulonhűs.
Coulon is yn 1749 ferstoarn. Syn wurk waard mei fierdergien troch ien fan syn soannen dy't as boumaster foar steedhâlder Willem V wurke. In oare soan waard útjouwer fan de Frjentsjerter Universiteit.
boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries