Wa't wat witte wol oer it Frysk of it brûken dêrfan kin terjochte by it Taalburo fan 'e Fryske Akademy. It buro jout antwurd op fragen oer stavering, formulearring of terminology en kin advys jaan by it opstellen fan teksten. It Taalburo is spesjalisearre yn it oersetten fan wat dregere teksten mei faktermen yn it Frysk (bgl. notarisakten, amtlike stikken, technyske dokuminten). Foar it oersetten wurdt in fergoeding yn rekken brocht.
Nije staveringshifker
De Fryske Akademy wurket op it stuit oan it gearstallen fan in standertwurdlist foar it Frysk, in soarte fan 'Groene boekje' foar it Frysk, mei de krekte stavering fan sa'n 100.000 Fryske wurden. Dy wurdlist sil brûkt wurde foar nije taalprogramma's lykas staveringshifkers, Fryske wurdboeken online en automatysk oersetten. It is ek de bedoeling dat dy wurdlist yn de staveringshifker foar Microsoft Word komt en yn in webapplikaasje. Mei dy lêste foarsjenning kinne jo dan ek oare teksten as yn Word-formaat mei neisjen. Wy hoopje letter der letter dit jier mear oer sizze te kinnen.
Grut Frysk Diktee
Op woansdei 9 maaie wurdt it Grut Frysk Diktee hâlden. Klik hjir foar mear ynformaasje.
Taalfragen
Jo kinne jo taalfragen stelle troch in e-mail te stjoeren nei it taalburo.
Beskikber materiaal:
“De spannendste opmerking yn 'e wittenskip, by de measte ûntdekkingen, is net 'Eureka!', mar 'Dat is apart ...'. “ Isaac Asimov (1920-1992)