Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Plaknammen yn Fryslân

Standertlist mei alle plaknammen yn Fryslân

Trochklik nei Standertlist foar plaknamme mei de letter (+ nûmer fan de gemeente)

A B C D E F G H I J K L M N O P R S T U V W Y Z

Plaknammen yn Fryslân wol foarsjen yn it ferlet fan in aktuële standertlist mei de offisjele (en offisjeuze) toponimen fan alle plakken mei in doarps- of stedsstatus. In nij oersjoch is needsaaklik wurden fanwegen de wizigingen yn de lêste desennia fan de topografyske oantsjuttingen troch staveringsferoaringen, gemeentlike weryndielingen, gearfoegingen fan plakken, wikseling fan de offisjele en offisjeuze nammen, feroaring fan doarpsstatus, ensfh. Bestjoerders, amtners, sjoernalisten, sakelju, adminstrateurs en sa fierder kinne hjir har foardiel mei dwaan.

De plaknammelist is alfabetisearre op de offisjele fariant. Dy offisjele fariant (yn de byhearrende stavering) is de namme dy't troch de gemeenteried as sadanich fêststeld is. As der fan in plaknamme in offisjeuze fariant bestiet, wurdt dy tusken heakjes achter de offisjele oanjûn. Yn it gefal fan It Bilt, East-Kollumerlân, de Stellingwerven en de waadeilannen wurdt boppedat de fariant yn de oanbelangjende streektaal (bygelyks yn it Biltsk of it Stellingwerfsk) as twadde foarm opnommen. By de offisjeuze foarm is safolle mooglik sjoen nei de foarm en stavering sa't dy troch de gemeenten semy-offisjeel brûkt wurde, bygelyks op de kombuorden. Yn dizze list binne diakrityske tekens yn de Fryske ferzjes op haadletters oanjûn. Yn de praktyk wurde dy meastentiids weilitten. Achter elke offisjele namme mei de eventuële fariant(en) ferwiist in sifer nei de gemeente dêr't it plak yn leit. De list mei offisjele (en offisjeuze) gemeentenammen stiet hjir neist. Om de Fryske, Nederlânske en streekfarianten útinoar te hâlden, wurdt it Fryske toponym fetprinte en de streektalige skeansetten.

Foarbylden:
Akkrum 5
Hilaard (Hijlaard) 17
Nieuweschoot (Nijskoat) 14
Oldeberkoop (Berkoop/Âldeberkeap) 8
Sint Annaparochie (Sint Anne) 3

Der wurdt yn dizze list in dúdlik ûnderskied makke tusken offisjele en offisjeuze farianten, omdat de Nederlânske oerheid net twa offisjele farianten tastiet. Op grûn fan it stânpunt fan it Nederlânske kabinet út 1953 binne gemeenterieden holden om ien foarm as offisjele oan te wizen en dy dan ek as iennichste te brûken yn offisjele dokuminten en bestannen, lykas it rydbewiis en de Gemeentlike Basisadministraasje foar persoansgegevens (GBA). Oare oerheidstsjinsten as belesting en justysje nimme dy foarm wer oer. Fierder in alfabetisearre list mei offisjeuze farianten as yngong opnommen, dy't ferwize nei de offisjele farianten (Omkearregister).

Dizze list is bywurke oant en mei de nammeferoaring fan de gemeente Ferwerderadiel fan 1 jannewaris 1999. Mochten dêrnei grutte feroaringen har foardwaan, dan sil de list wer aktualisearre wurde.

De gearstallers, septimber 1997.

 

Trochklik nei Omkearregister (fan offisjeuze nei offisjele fariant) foar plaknamme mei de letter

A B C D E F G I J K L M N O P R S T U V W Y Z

Inkele opfallende letterkombinaasjes yn de Fryse stavering (haadregel):
ea as ee yn ned. beer
ê as è yn ned. crème
û as oe yn ned. boek
ô as o yn ned. controle
â as o yn ned. controle
ú as u yn ned. ruzie
g as yn it Frânske garçon

Gemeentenammen
1 Achtkarspelen
2 Ameland (It Amelân)
3 Bildt, Het (It Bilt)
4 Bolsward (Boalsert)
Boarnsterhim
6 Dantumadeel (Dantumadiel)
7 Dongeradeel* (Dongeradiel)
8 Ooststellingwerf (Eaststellingwerf)
Ferwerderadiel (Ferwerderadeel)
10 Vlieland (Flylân)
11 Franekeradeel (Frjentsjerteradiel)
12 Gaasterlân-Sleat (Gaasterland-Sloten)
13 Harlingen (Harns)
14 Heerenveen (Hearrenfean)
15 Kollumerland c.a. (Kollumerlân c.a.)
16 Lemsterland (Lemsterlân)
17 Littenseradiel
18 Leeuwarden (Ljouwert)
19 Leeuwarderadeel (Ljouwerteradiel)
20 Menaldumadeel (Menameradiel)
21 Nijefurd
22 Opsterland (Opsterlân)
23 Skarsterlân (Scharsterland)
24 Schiermonnikoog (Skiermûntseach)
25 Terschelling (Skylge)
26 Smallingerland (Smellingerlân)
27 Sneek (Snits)
28 Tytsjerksteradiel (Tietjerksteradeel)
29 Weststellingwerf
30 Wymbritseradiel (Wymbritseradeel)
31 Wûnseradiel (Wonseradeel)

* De gemeente beskôget dit sels as de Fryske foarm.

Provinsjenamme
Fryslân (Friesland)

 

Utjefte fan de Ried fan de Fryske Beweging / Versloot-kartografy

Utjûn mei stipe fan de gemeenten Boarnsterhim, Tytsjerksteradiel en Littenseradiel.

De gegevens út dizze útjefte binne frij te brûken foar oanpassen en bywurkjen fan eigen gegevensbestannen. It brûken fan (dielen út) dizze útjefte op kommersjele basis mei net oars as mei skriftlike tastimming fan de útjouwers.

De list is mei de grutste soarch gearstald. De útjouwers binne lykwols net ferantwurdlik foar skea dy't it gefolch is fan mooglike flaters dy't op dizze side foarkomme.

 

 

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)