Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
WFT
Frysk

De doelstelling fan de Fryske Akademy

Yn it karbrief fan de Fryske Akademy stiet ús doelstelling helder ferwurde:
'It yn-stân-hâlden fan in wurkmienskip, dy't him útleit op it beoefenjen fan de wittenskip dy't mei Fryslân, it Fryske folk en syn kultuer yn al syn uterings, en soks yn de wiidste omfieming, ferbûn is.'

Dat is de haaddoelstelling fan de Fryske Akademy foar de lange termyn. De konkrete doelen foar de kommende jierren wurde beskreaun yn it strategysk beliedsplan 2010-2014

Oan ús doelstellings jouwe wy op de folgjende wizen stal:

  • De Fryske Akademy fergruttet de kennis oer de Fryske taal, skiednis, kultuer en mienskip troch de wei  fan ûndersyk en makket dy kennis tagonklik foar in nasjonaal en ynternasjonaal publyk fan saakkundigen.
  • De Fryske Akademy publisearret wittenskiplike boeken, artikels en rapporten oer de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij en organisearret lêzings, kongressen en sympoasia.
  • Wy ferspriede ús kennis troch bygelyks it grutte Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT) en it HIStoarysk Geografysk Ynformaasjesysteem HISGIS online foar elkenien beskikber te meitsjen.
  • Wy inisjearje en nimme diel oan projekten dêr’t de sosjologyske, psychologyske en pedagogyske aspekten fan de Fryske maatskippij sintraal yn stean, lykas Boppeslach en Mercator (Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen).
  • De Fryske Akademy fersoarget fia bysûndere learstuollen yn Leiden en Amsterdam universitêr ûnderwiis en ûndersyk op it mêd fan de Fryske taal- en letterkunde en de midsieuske skiednis fan Fryslân.
Mooie woorden

“History is the witness that testifies to the passing of time; it illumines reality, vitalizes memory, provides guidance in daily life and brings us tidings of antiquity.”

“Skiednis is de tsjûge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it ûnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)


Frysk Frysk