Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Die Brokmer Rechtshandschriften

Dizze edysje fan it Eerste en het Tweede Brokmer handschrift foarme it promoasje-ûndersyk fan de Frisist W.J. Buma.

It befettet in stúdzje nei de hanskriften, in diplomatyske edysje en in wiidweidich glossarium mei wurdbetsjuttings. Dat glossarium is it meast wiidweidige dat by in edysje yn 'e rige Oudfriese Taal- en Rechtbronnen ferskynd is. By de Aldfryske lemmata jout Buma sa mooglik Nijfryske foarmen en foarmen yn oare Germaanske talen.

De twa Brokmer hanskriften befetsje beide benammen de saneamde Brokmerbrief, dêr't it rjocht fan de ynwoners fan Brokmerland (Ostfriesland) yn fêstlein binne.

Dy rjochtstekst is ûnder oare ûntstien út it âldere Emsinger rjocht (it saneamde ‘Emsinger penningschuldboek’ is deryn ferwurke).

Buma, W.J., Die Brokmer Rechtshandschriften. Oudfriese taal- en rechtsbronnen V. 
Martinus Nijhof, Den Haag 1949. 307 siden. Priis € 34,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“The whole of science is nothing more than a refinement of everyday thinking.”

“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)