Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Die Fivelgoer Handschrift I

útferkocht

De edysje fan it saneamde Fivelgoër handschrift fan de lettere Grinzer heachlearaar Bo Sjölin is oer alle boegen in nijsgjirrich fenomeen. Yn it foarste plak wie it Sjölins dissertaasje.

Twad ferset Sjölin him ûnder oaren yn dizze edysje tsjin it betiteljen fan de ynhâld fan de Easterlauwerske Aldfryske hânskriften as soe it it jildende rjocht fan dat beskate gebiet wêze. Dêrfandinne dat ‘Fivelgoer’ yn 'e titel fan it wurk tusken skrapkes stiet.

Tred wie Sjölin fan miening dat it net mooglik wie om útspraken te dwaan oer de lûden fan it Aldfrysk en dêrom beskreau er yn de tige wiidweidige ynlieding op 'e tekst it grafeemsysteem fan it Fivelgoër hânskrift.

Fjird binne de Aldfyske teksten yn it hânskrift foarsjoen fan in Dútske oersetting, wat net gebrûklik is foar de edysjes dy't yn de rige Oudfriese Taal- en Rechtsbronnen ferskynd binne. Dat alles makket dizze edysje ta ien fan de meast nijsgjirrige út 'e boppeneamde rige. De lytse samling wurdstúdzjes nei problematyske Aldfryske foarmen dy't ek yn 'e ynlieding te finen is, ûnderstreket dat nochris.

Sjölin, B., Die "Fivelgoer" Handschrift I. Einleitung und Text (ynklusyf diel II). Martinus Nijhoff, Den Haag 1970. Akademy-nûmer 374. ISBN: 90 247 5001 6. 415 siden. Priis € 34,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Language shapes the way we think, and determines what we can think about.”

“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt wêr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)