
útferkocht
De earste Riustringer kodeks (R1) wurdt ek wol it 'Asegaboek' neamd; it hânboek fan 'e Aldfryske wetskenner, de 'asega'. It hânskrift is nei alle gedachten om 1300 ta stân kommen.
Yn R1 steane njonken Pan-Fryske teksten lykas de 17 Keuren en de 24 Lânrjochten, inkele spesifyk Riustringer wetsteksten lykas de Riustringer Keuren en it Riustringer boeteregister. It Aldfryske korpus befettet njonken in soad wetsteksten, in tal Aldfryske oersettings fan teksten dy't yn 'e Midsieuwen yn hast hiel Europa bekend wiene. In foarbyld dêrfan yn de earste Riustringer kodeks is it tekstke mei de 'Vijftien voortekenen voor de dag des oordeels': in stille tsjûge fan it feit dat Fryslân yn 'e Midsieuwen yn kultureel opsicht net isolearre wie fan 'e rest fan it kontinint.
Troch it ûndersyk fan dr. D. Boutkan nei it wurdmateriaal fan R1, heart it Riustringer Aldfrysk ta de bêst ûndersochte Aldfyske dialekten. Dat hat al laat ta syn A Concise Grammar of the Old Frisian Dialect of the First Riustring Manuscript (Odense 1996). Fan syn hân sil meikoarten postúm in etymologysk wurdboek op it wurdmateriaal fan R1 ferskine.
Buma, W.J., Het tweede Rüstringer Handschrift. Oudfriese taal- en rechtsbronnen VIII.
Martinus Nijhoff, 's-Gravenhage 1954. Akademy-nûmer 96. 140 siden. Priis € 9,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries