Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Hir is eskriven

Lezen en schrijven in de Friese landen rond 1300
Utjefte yn gearwurking mei de Fryske Akademy

Yn it midsieuske Fryslân, dat de krite fan de Sudersee oant de Wezer besloech en dat ferlike mei de buorlannen der útkipe fanwegen taal, kultuer en bestjoer, kaam it skreaune wurd yn ’e trettjinde ieu bûten tsjerke en kleaster.

Ferheljende boarnen, oarkonden en hânskriften, muorreskilderings en ornamintyk, mar ek de taal sels, bringe oan it ljocht hokker yngripende gefolgen dat hân hat foar de oergong fan in kultuer dy’t basearre wie op mûnlinge tradysjes nei in skriftlike kultuer.

Dy nije situaasje, benammen kreëarre troch geastliken, droech by ta in gruttere gearhing yn bestjoer en rjocht, mar ek yn ’e ferbylding fan ’e Fryske identiteit.

Yn it flot lêsbere Hir is eskriven komme skriuwende manlju en in inkelde frou út de anonimiteit wei. Rolf Bremmer lit sjen hoe’t se oan ’e ein fan de trettjinde ieu foar harren memmetaal in plak as skriuwtaal ferwurven njonken it dominante Latyn.

Rolf H. Bremmer Jr. is as mediëvist ferbûn oan ’e Oplieding Ingelsk fan ’e Universiteit Leiden. Dêrnjonken is er bysûnder heechlearaar Fryske taal en letterkunde oan dy ynstelling.

Rolf H. Bremmer Jr., Hir is eskriven. Lezen en schrijven in de Friese landen rond 1300. Uitgeverij Verloren Hilversum en de Fryske Akademy Ljouwert 2004. Middeleeuwse Studies en Bronnen 82. Akademy-nûmer 949. ISBN 90 6550 817 1.  165 siden. Priis € 17,00 / foar leden en stipers € 15,50

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)