
Troch it ûntbrekken fan leksikografyske helpmiddels binne Aldfryske kognaten (wurden fan likense ôfstamming) komselden opnommen yn hjoeddeistige etymologyske wurdboeken fan Germaanske en Yndo-europeeske talen, nettsjinsteande it feit dat it Aldfrysk meastentiids wichtige oanwizings jaan kin foar rekonstruksje. Tagelyk is it foar studinten Aldfrysk lestich om kennis op te dwaan oer de taalkundige prehistoarje fan dy taal.
Mei dit earste etymologyske wurdboek fan it Aldfrysk, basearre op it leksikon fan it earste Riustringer hânskrift (R1), wurdt it Aldfrysk tagonklik foar in breed ferskaat fan studinten Germaanske en Yndo-europeeske talen. De lêste ynsjoggen yn fergelykjende Yndo-europeeske taalwittenskip binne systematysk opnommen. De lemmata binne foarsjoen fan in sekuere analyze fan Aldfryske dialektfoarmen, mei proto-Fryske rekonstruksjes en in grut tal Germaanske and Yndo-europeeske kognaten.
It wurk fan Boutkan en Siebinga sil bliken dwaan in ûnmisber stik ûndersyksark te wêzen foar de stúdzje fan it Aldfrysk, fan de Germaanske talen en fan it proto-Yndo-europeesk.
Yn 'e Leiden Indo-European Etymological Dictionary series wurde de resultaten publisearre fan in grut projekt fan de Universiteit Leien, de identifikaasje en beskriuwing fan 'e algemiene leksikale erfskip fan in tal grutte en lytsere Europeeske en Aziatyske talen
Old Frisian Etymological Dictionary, troch Dirk Boutkan en Sjoerd Michiel Siebinga. Leiden Indo-European Etymological Dictionary Series, ûnder redaksje fan Alexander Lubotsky, Diel 1. Brill, Leiden - Boston, 2005. Fryske Akademy Ljouwert. Akademy-nûmer 969. ISSN: 1574-3586. ISBN: 90 04 14531. 598 siden. Priis € 116,60 / foar leden en stipers € 114,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“De spannendste opmerking yn 'e wittenskip, by de measte ûntdekkingen, is net 'Eureka!', mar 'Dat is apart ...'. “ Isaac Asimov (1920-1992)