
Jus Municipale Frisonum
Wurdboek op Jus
Ien fan 'e gruttere boarnen fan it Aldfrysk is it Jus Municipale Frisonum.
Dat is in hânskrift dat om 1530 hinne te datearjen is. It befettet in kompilaasje fan 44 meast juridyske stikken.
Njonken algemiene Aldfryske teksten lykas de 17 Kêsten, de 24 Lânrjochten en it Skeltarjocht, komme teksten foar dy't net allinne taalkundich mar ek ynhâldlik yn Westerlauwersk-Fryslân te plak te bringen binne, lykas de boetebepalingen fan Ferwerderadiel, de amtseden fan de grytmannen yn Wymbritseradiel, it seendrjocht fan Boalsert of it stedsboek fan Snits.
Fan dat tige mânske hânskrift ferskynde yn 1977 yn 'e rige Altfriesische Rechtsquellen in twadielige krityske edysje fan 'e hân fan W.J. Buma en W. Ebel yn oparbeidzjen mei M. Tragter-Schubert.
Dy edysje hat efteryn net in saneamde Index verborum, sa't dat wenst is by de diplomatyske edysjes yn 'e rigeOudfriese Taal- en Rechtsbronnen.
Benammen ta geriif fan taalkundigen hat W.J. Buma yn dy lakune foarsjoen.
By de Fryske Akademy is no yn in prachtbân Buma syn Vollständiges Wörterbuch zum westerlauwersschen Jus Municipale Frisonum útkommen.
Buma W.J., Vollständiges Wörterbuch zum westerlauwersschen Jus Municipale Frisonum. Fryske Akademy, Ljouwert 1996,
Akademy-nûmer 821. ISBN: 90 6171 821 x, 500 siden, ynbûn yn hurde bân mei linnen. Priis € 52,00 / foar leden en stipers € 45,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)