
Dit repertoarium jout in ynventarisaasje fan 820 egodokuminten. Ta egodokuminten hearre benammen deiboeken en autobiografyen. Dit boek kin brûkt wurde as help by boarne-ûndersyk. Ek egodokuminten, dy't net útjûn binne, wurde neamd. De haadyndieling is alfabetysk neffens auteur. Fierder is der in kronologyske yndieling. Yn 'e ynlieding wurdt in wiidweidige taljochting jûn.
Ynhâld:
Foarwurd
1. Ynlieding
a. Oersjoch en taljochting projekt ynventarisaasje eogodokuminten op 'e Fryske Akademy te Ljouwert
b. Opset repertoarium
c. Inkelde statistyske gegevens
2. List fan ôfkoartings
3. Repertoarium
4. Kronologyske listen dokuminten
a. Stik foar stik neffens earste jiertal
b. Yndield yn groepen fan tsien jier
5. Register op persoanen, plakken en ûnderwerpen
Blom, G., Repertoarium fan egodokuminten oangeande Fryslân. Stúdzjes en boarnemateriaal 14. Gosse Blom.
Under redaksje fan Ph.H. Breuker, D. Gorter, L.G. Jansma en P.L.G. van der Meer. Fryske Akademy, Ljouwert 1992.
202 siden. Priis € 10,00 / foar leden en stipers € 9,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)