
útferkocht
Oersjoch fan it wurk fan it Genealogysk Wurkferbân oer it tiidrek 1946 oant en mei 1986
It Genealogysk Wurkferbân fierde op 18 oktober 1986 it 40-jierrich bestean en is ien fan de wichtichste en warberste wurkferbannen fan 'e Fryske Akademy. It is ek it grutste wurkferbân.
It slagget de Genealogen om mei-inoar alle jierren wer in ôflevering fan it Genealogysk Jierboek út te bringen.
Fierder hat it Genealogysk Wurkferbân in grut oanpart yn Ferbannen yn ús wurk, it Kertiersteateboek en oare aktiviteiten. Yn dit tinkboek wurdt ek omtinken jûn oan in 'bern' fan it Genealogysk Wurkferbân.
Tsien jier nei de oprjochting ûntstie út en njonken it Wurkferbân de Fryske Rie foar Heraldyk.
Yn it boek wurdt in goed ynsjoch jûn yn it beoefenjen fan Genealogy en Heraldyk by de Fryske Akademy, mar ek de rommere betjutting dêrfan. Njonken alle fertsjinsten fan it Wurkferbân (en fan de Rie) op wittenskiplik mêd lykas publikaasjes, it ûnderhâlden fan kontakten (mei persoanen en ynstellings, oer it útwikseljen fan gegevens, it jaan fan advizen ensafuorthinne) en troch gearkomsten en kursussen is it it doel fan it Genealogysk Wurkferbân om in grut tal minsken fertroud te meitsjen mei wittenskiplik ûndersyk.
Hoefolle minsken binne net oer de drompel, dy't wittenskip opsmyt, hinne holpen en ta betûfte sneupers makke?
Hoefolle minsken binne net troch it Wurkferbân ta ûndersyk oanset en ta wichtige publikaasjes kommen?
Bekkema, K.J. en A. de Vries, Genealogysk Wurkferbân 1946-1988.
Fryske Akademy Ljouwert 1989. 48 siden. Priis € 1,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)