
Yn de genealogyske neilittenskip fan R.S. Roorda wurde in protte gegevens fûn dy't net publisearre binne. Om't se oardere binne, kin rieplachtsjen gâns tiid útsparje op argyfûndersyk.
De neilittenskip bestiet út: skriften, oantekenboeken, portefeuilles mei brieven, losse papieren en tekeningen, plakboeken en boeken. Hast alles giet it genealogysk wurk oan, mar der is ek proaza en dichtwurk by. Utsein de boeken is it wurk nûmere.
Om de neilittenskip tagonklik te meitsjen, is de oarspronklike oarder wer oanbrocht en dêrnei is in list makke fan wat dêr allegearre oan genealogyske gegevens yn te finen is. It begryp genealogysk is sa grut mooglik nommen.
De list is ferdield yn in tal rubriken: Algemien, Listen, Klappers, Gritenijen, Stêden, Doarpen, Famyljenammen en Foarnammen.
Bierma, H. en G. Blom, Genealogyske neilittenskip en bibliografy fan R.S. Roorda. Fryske Akademy Ljouwert 1984. Stúdzjes en Boarnemateriaal nûmer 7. 133 siden. Priis € 9,00 / foar leden en stipers € 8,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries