
De Stichting Freonen fan de Argiven yn Fryslân (FAF) hat sûnt de oprjochting yn 1983 it meitsjen fan kaartsjes op de nammen út de Genealogyske Jierboekjes fan it Ryksargyf oernommen.
De kaartsjes oant en mei dy fan it Jierboek 1986 binne yntusken op mikrofysje te rieplachtsjen. Fan de dêropfolgjende jierren binne en wurde troch de FAF de nammen yn kompjûterbestannen ynfierd. Dêrút wurde al neffens jiergong registers gearstald, dêr't de útjefte 1987 de earste publikaasje fan wie. Dy registers kinne ynsjoen wurde op de stúdzjeseal fan it Ryksargyf.
It docht bliken dat der wol ferlet is fan in yndeks dêr't de nammen fan mear as ien jierboekje yn opnommen binne. Mei help fan de by de FAF oanwêzige bestannen is no de twadde yndeks op fiif jierboeken makke, as in ferfolch op de Index fan de jierren 1987 oant en mei 1991. De yndeks is gearstald troch frijwilligers fan de Stichting Freonen fan de Argiven yn Fryslân, benammen troch F.H.K. van der Schuit.
Schuit, F.H.K. van der, Index op Genealogyske Jierboeken 1992 t/m 1996. 232 siden.
Fryske Akademy Ljouwert 1999. Akademy-nûmer A 136. 232 siden. Priis € 12,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
de morgenstond heeft goud in de mond