
De Stichting Freonen fan de Argiven yn Fryslân (FAF) hat sûnt de oprjochting yn 1983 it meitsjen fan kaartsjes op de nammen út de Genealogyske Jierboeken oernommen.
De kaartsjes oant en mei dy fan it Jierboek 1986 binne yntusken op mikrofysje te rieplachtsjen. Fan de dêropfolgjende jierren binne en wurde troch de FAF de nammen yn kompjûterbestannen ynfierd. Dêrút wurde al neffens jiergong registers gearstald, dêr't de útjefte 1987 de earste publikaasje fan wie. Dy registers kinne ynsjoen wurde op de stúdzjeseal fan it Ryksargyf.
It docht bliken dat der ferlet bestiet fan in klapper dêr't de nammen fan mear as ien Jierboek yn opnommen binne. Mei help fan de by de FAF oanwêzige bestannen is no de tredde yndeks op fiif jierboeken makke, as in ferfolch op de Index fan de jierren 1987 oant en mei 1991 en de yndeks fan de jierren 1992 oant en mei 1996. De yndeks is gearstald troch frijwilligers fan de Stichting Freonen fan de Argiven yn Fryslân, benammen troch F.H.K. van der Schuit.
Schuit, F.H.K. van der, Index op Genealogyske Jierboeken 1997-2001.
Fryske Akademy Ljouwert 2003. Akademy-nûmer A 183. 226 siden. Priis € 13,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
William Shakespeare (1564-1616)