

Camerata Trajectina
Op dizze cd wurde de lieten fan Gysbert útfierd lykas dat yn syn tiid nei alle gedachten barde, neffens de muzyk-histoaryske útfieringspraktyk. De meldijen binne deselden dy't hy bedoeld hat, mei wat fariaasje notearre yn lieteboekjes en hanskriften.
Oft Gysbert en syn kunde de lieten op ynstruminten begelaat hat, binne wy net wis fan, mar leit foar de hân - dat die frijwol elkenien.
Op dizze cd binne ynstruminten keazen dy't yn boargerlike rűnten gebrűklik wiene, poenynstrumenten lykas de lút en de siter en in bysűndere foarm fan it spinet, de museler; fierder de viola da gamba, de fioele en de blokfluit. Dy ynstruminten wiene ek yn Fryslân bekend.
It ensemble Camerata Trajectina (Uterts Musykselskip, oprjochte 1974) hat namme krigen trochdat se har oanhâldend ynset ha foar de Nederlânske muzyk fan de Midsieuwen ôf oant en mei de 17de ieu.
De programma's fan it ensemble binne meast boud om literęre of politike en religieuze tema's en persoanen hinne, lykas Hooft, Bredero, Huygens, Vondel, Coornhert, Willem van Oranje, de Tachtichjierrige Oarloch, de godstsjinstskelen ('De Hoer van Babylon', 'Bavianen en Spijkgeuzen'), 'Menno Simons en de Dodendans').
In twadde line is de gearhing tusken de skilderkeunst en muzyk, dęr't de projekten om Jacob van Eyk hinne (1995, yn gearwurking mei it Ryksmuseum yn Amsterdam) oan wijd waarden.
It ensemble joech hűnderten konserten yn Nederlân (űnder mear by it Oude Muziek Festival Utrecht en ek geregeld yn Fryslân) en Flaanderen, yn de measte oare lannen fan Europa, yn Meksiko, Kanada, de Feriene Steaten, Yndonesië en Gana.
Camerata Trajectina, Gysbert Japix Lieten/Liederen. Priis € 15,00. De cd feskynt űnder tafersjoch fan It Gysbert Japicxhűs yn Boalsert.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“De spannendste opmerking yn 'e wittenskip, by de measte űntdekkingen, is net 'Eureka!', mar 'Dat is apart ...'. “ Isaac Asimov (1920-1992)