Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

De ton in min Hart

Tritich lieten fan Bouke Annes Visser (1885-1957)

Dit boek, dat de Platdútske titel De Ton in min Hart meikrigen hat, bestiet út twa parten. It earste part is in ynlieding fan 'e hân fan dr. Bernard Smilde, dêr't it libben en wurk fan de Fryske komponist Bouke Annes Visser yn oan de oarder komt. It twadde diel befettet de komposysjes en de lietteksten (yn de oarspronklike taal en yn in oersetting yn it Frysk).

Bouke Annes Visser, berne te Heech yn 1885 en ferstoarn te Rome yn 1957, wie ynearsten ornearre foar de ielhannel, mar yn 1920 makke er him los út it famyljebedriuw en sette him yn Dútslân nei wenjen.

Dêr hat er tritich lieten komponearre op Platdútske en Heechdútske tekst. Njoggen dêrfan binne yn 1939 te Leipzig útjûn.

Troch S. ten Hoeve, direkteur fan it Fries Scheepvaartmuseum te Snits, kaam de Musikologyske Wurkgroep fan ‘e Fryske Akademy yn ferbining mei Visser syn dochter Clara te Berlyn en fan har krige de Wurkgroep nochris alve lieten yn hanskrift.

Yn syn lieten, dy’t mei dizze bondel folslein útjûn wurde, toant Visser him in goed fakman: se binne geef fan struktuer en knap fan útwurking. De sfear fan ‘e gedichten dy’t er toanset hat is goed troffen. Mei Paulus Folkertsma (1901-1972) heart Visser ta de wichtichste lietekomponisten fan Fryslân.

De Ton in min Hart. Tritich lieten fan Bouke Annes Visser (1885-1957), mei in ynlieding fan Bernard Smilde. Fryske Akademy, Ljouwert 2000. Akademy-nûmer 898. ISBN 90 6171 898 8.  'Musica Frisica' nûmer 1, 103 siden. Priis € 18,00 / foar leden en stipers € 17,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

"bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries"

boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries