
Samling fan âlde en nije Fryske sangen mei piano- en oargelbegelieding
It Frysk Lieteboek hat as bondel Fryske lieten mei pianobegelieding jierren yn in grut ferlet foarsjoen. Fryslân sjongt en spilet is dęr de folslein fernijde opfolger fan.
Tusken de hast hűndertfyftich lieten is in grut tal nije meldijen te finen en meldijen dy’t weromfűn binne. Fral wat de muzikale begelieding oanbelanget binne de bekende klassikers in stikhinne opfrist.
Lieten oer Friezen en Fryslân, streeklieten, histoaryske lieten, lieten oer wetterwille, natuer en leafde, geastlike lieten, kanons en noch in skift mei mingelwurk biede meiinoar in ryk ferskaat dy’t ek allegearre yn de bondel Fryslân sjongt steane, mar yn dizze folsleine útjefte troch in groep musikologen foarsjoen binne fan begeliedingspartijen foar piano en oargel.
Sa is in folweardige, rike lietebondel mei begelieding ta stân kommen yn in foars, mar dochs noflik formaat.
Fryslân sjongt en spilet sil foar de útfiering fan it Fryske liet in nije ympuls betsjutte.
Fryslân sjongt en spilet. Ljouwert 1996. Utjűn by de Friese Pers en fersoarge troch de Musikologische Wurkgroep fan de Fryske Akademy. Akademy- nűmer 570. ISBN 90 3301 474 2. 280 siden. Priis € 22,24 / foar leden en stipers € 21,55.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Skiednis is de tsjűge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it űnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)