
De 11de printinge (2000) fan it algemien Frysk lieteboekje Fryslân sjongt befettet 149 lieten. It lęste liet (nűmer 149) is it ‘Simmer 2000 liet’, op tekst fan Baukje Wytsma en muzyk fan Anne Oosterhaven. Dat liet waard oan de fierder fierhinne gelikense tekst fan ’e yn 1996 ferskynde 10de printinge tafoege fanwegen de grutte reuny fan Friezen yn it ramt fan ’e manifestaasje ‘Simmer 2000’. Mei troch dy manifestaasje rekke de 10de printinge al rillegau útferkocht.
Dy 10de printinge fan Fryslân sjongt (de earste ferskynde yn 1943) bea de Musikologyske Wurkgroep de gelegenheid om de bondel tematysk yn te dielen en foar sa’n tredde part te fernijen mei oare en foaral resintere populęre lieten út it Fryske repertoire.
Op sa’n wize hawwe ‘It Dokkumer Lokaaltsje’ fan Anne van der Mark, ‘De maitiid’ fan Tetman de Vries, ‘Jongfolk ha wille’ fan Rients Gratama (tekst) en Joop Verbeke (muzyk), ‘It kacheltsje’ fan Bennie Huisman en ‘Oanspield’ fan Tsjits Peanstra (tekst) en Nanne Kalma (muzyk) in plak yn ’e bondel krigen.
Fryslân sjongt is no wer rűnom te krijen yn Fryslân, ta geriif fan elk dy’t ris ‘lekker sjonge’ wol!
Fryslân sjongt mear as fyftich jier, no oan de 11de printinge ta.
Fryslân sjongt. Algemien Frysk lieteboekje, Ljouwert 1996. Utjűn by de AFUK. Fryske Akademy, Ljouwert. Akademy-nűmer 125.
ISBN 90 6273 361 1. 236 siden. Priis € 10,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt węr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)