Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Gysbert Japicx' Lieten

Faken is it sa, dat de muzikus, dreaun troch de skientme fan in dicht, by de tekst fan de dichter muzyk makket. It omkearde bart soms ek wolris, dus dat de dichter wurden makket op in al besteande meldij.

Yn de santjinde ieu, Gysbert Japicx libbe fan 1603 oant 1666, wie soks mear wizānsje as no. By in soad dichters śt dy tiid fine wy by in diel fan harren wurk, dat it te sjongen is op de 'wize' of de 'stim' of de 'toan' fan it ien of oare sankje. Dochs sil it lang net altiten sa west hawwe dat de dichter syn fers op in meldij dichte. Wat Gysbert Japicx ek die, wie it opjaan fan ien, twa of trije wizen by syn dichten. Soks waard yn dy tiid algemien dien.

Sūnder mis binne syn dichten wol op dy meldijen songen wurden, miskien ienstimmich, of mearstimmich en mei begelieding fan ien of oar ynstumint śt dy tiid, mar mei wissigens witte wy der winlik net folle fan.

Om ta in śtjefte mei muzyk te kommen, moast besocht wurde fan alle opjūne meldijnammen de bedoelde wizen te finen en soks foel net ta.

Jansen, Jacob, Gysbert Japicx' Lieten. In stśdzje oer de fan de dichter bidoelde meldijen. Drukkerij Laverman N.V., Drachten 1956. Akademy-nūmer 106. 155 siden. 
Priis € 6,00 / foar leden en stipers € 4,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“The most exciting phrase to hear in science, the one that heralds the most discoveries, is not ‘Eureka!’ (I found it!) but ‘That's funny...’”

“De spannendste opmerking yn 'e wittenskip, by de measte ūntdekkingen, is net 'Eureka!', mar 'Dat is apart ...'. “ Isaac Asimov (1920-1992)