

Fan ‘e Fryske komponist Paulus Folkertsma (1901-1972) kin perfoarst net sein wurde dat er fergetten is.
Ek nei syn dea is der geregeldwei wurk fan him ta klinken kommen, benammen syn lieten, in sjenre dêr’t er opmerklike dingen yn nei foaren brocht hat.
Ut en troch is dêr wol wat fan ferskynd, mar it measte dêrfan is útferkocht. Boppedat lei sawat de helte noch yn hânskrift.
De Musikologyske Wurkgroep fan ‘e Fryske Akademy en de Paulus Folkertsma Stichting wiene fan betinken dat dy situaasje sa net bliuwe mocht. Sadwaande foel it beslút om de sololieten fan dizze komponist sa folslein mooglik út te jaan.
Hjirmei ferskynt dan in samling fan 72 lieten, komposysjes dy’t ûntstien binne sa tusken 1925 en 1960 en yn fierwei de measten oppenearret Folkertsma him as in komponist dy’t wat te sizzen hat.
Sawol yn ‘e sjongstim as yn ‘e pianobegelieding heart men nijgjirrige lûden.
Want it is wier, wat de titel fan dit boek seit: Muzyk klinkt yn myn hert!
No ek cd Mimerij mei sololieten fan Paulus Folkertsma
Muzyk klinkt yn myn hert. De sololieten fan Paulus Folkertsma (1901-1972). Red.: Dirk H. Meijer, Bob Pruiksma en Bernard Smilde. Einredaksje: Beart Oosterhaven. Fryske Akademy, Ljouwert 2001. Nûmer 2 yn de rige Musica Frisica. Akademy-nûmer 924. ISBN 90 6171 924 0. 176 siden. Priis € 23,00 / foar leden en stipers € 21,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Skiednis is de tsjûge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it ûnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)