
Op dize skiif binne behalven twa troch Johan Bijhold útfierde sonatines foar piano 19 sololieten fan ’e wichtige tweintichste-ieuske Fryske komponist Paulus Folkertsma te hearren.
De solisten dy’t Folkertsma syn lieten op Mimerij sa treflik ta klinken bringe, binne: Ben Brunt (bariton), Tetsje van der Kooi (sopraan), Netty Otter (mezzo-sopraan) en Arjen Veenhuizen (bariton).
Sy wurde op piano begelaat troch de al neamde Johan Bijhold en troch Lieven Sienema.
Mimerij is de twadde cd mei wurk fan Paulus Folkertsma dy’t de nei him neamde stifting útbrocht hat.
De earste ferskynde yn 1992, mar dy is skjin útferkocht.
Sjoch foar mear ynformaasje: www.paulusfolkertsma.nl
Dizze troch de Paulus Folkertsma Stichting útbrochte cd foarmet in moai pear mei de yn ’e rige Musica Frisica ferskynde Akademypublikaasje Muzyk klinkt yn myn hert. De sololieten fan Paulus Folkertsma (1901-1972).
“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)