Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Sjong mar ta

(útferkocht)

De earste printinge wie al yn 1967 útferkocht. Dochs hat it oant 1987 duorre ear't der in twadde printinge kaam. Yn dizze twadde printinge is de brûkberens fan de âlde nûmers neigien en oanfolle mei nije bydragen. Dit yn gearwurking mei minsken út it basisûnderwiis: Fokje de Jong-Peenstra, Jan de Jong en Durk Wiersma.

Yn dit bondeltsje wurdt sawol de fokale as de ynstrumintale skriuwwize brûkt. Dat hong ôf fan it ynlevere wurk fan de komponisten.

De kommisje, besteande út trije leden fan de Musikologyske Wurkgroep - te witten Nanne Kalma, Hindrik van der Meer en Bob Pruiksma - hat akkoarden ûnder de meldijen notearre sûnder de pretinsje te hawwen dat dit de iennichste mooglikheid is. 

Wy hoopje dat der in soad songen wurde sil út dit boekje.

Sjong mar ta. Nije twadde printinge. Teksten en muzyk sammele troch de Musikologyske Wurkgroep fan de Fryske Akademy. Fryske Akademy en Afûk Ljouwert 1987. 127 siden. Priis € 5,75.

Ynformaasje: S. Tijsma

Mooie woorden

"Moarns let, de hiele dei let"

de morgenstond heeft goud in de mond