
In bondel fan 86 lieten foar sjongstim en piano
De lietebondel Sjongenderwize biedt in grut ferskaat fan prachtige Fryske sololieten mei begelieding foar piano, soms ek oargel of klavesimbel. Mar leafst seisentachtich komposysjes binne yn dizze bondel byinoar brocht; op in inkele útsûndering nei binne se skreaun troch Fryske komponisten.
De lieteteksten binne fan Fryske skriuwers en dichters, in pear binne út oare talen wei oerset.
Fierwei de measte lieten wurde yn Sjongenderwize foar it earst publisearre.
De komposysjes yn dizze bondel rinne útien yn sfear, styl en swierrichheidsgraad, mar praktysk litte se har allegearre karakterisearje as ‘keunstliet’.
Troch dy opset kin Sjongenderwize yn in soad fermiddens brûkt wurde: yn húslike rûnten dêr’t graach musisearre wurdt, mar ek op it konsertpoadium. Sadwaande foarmet dit boek in treflike oanfolling op it al earder ferskynde Fryslân sjongt & spilet.
Alles meiinoar is der no in grutte kar oan Fryske lieten foar hannen.
Sjongenderwize. In bondel fan 86 lieten foar sjongstim en piano. Ljouwert 1996. Utjûn by de Friese Pers/A.J. Osinga Utjouwerij. Akademy-nûmer 831. ISBN 90 6066 498 1. 264 siden.
Priis € 24,96 / foar leden en stipers € 23,60.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)