
In moaie, orizjinele foarnamme foar jins bern. Hieltyd mear âlders krije yn 'e rekken dat soks fan belang is.
Neist ynternasjonale foarnammen komme tsjintwurdich Fryske foarnammen mear nei foaren.
Behalven populêre nammen lykas Nynke, Femke, Sytse en Hylke, binne der noch gâns oare mooglikheden. Dy steane allegear yn Fryske foarnammen, mei in wiidweidige útlis oer oarsprong en betsjutting.
De skriuwer, Rienk de Haan, taalkundich meiwurker oan de Fryske Akademy, jout yn de ynliedende haadstikken ek oan hoe't it sit mei it ferneamen fan famyljeleden, flaainammen, bynammen, stavering, foarnammen en de wet, ensafuorthinne.
It boek is twatalich; it is net allinne in boek foar de Friezen, mar ek foar alle Nederlânsktalige âlders en oare belangstellenden.
Haan, Rienk de, Fryske foarnammen/Friese voornamen, Fryske Akademy/Friese Pers, Ljouwert 2002, 160 siden. Akademy-nûmer 941, ISBN 90 330 1150 6. Priis € 15,00 / foar leden en stipers € 13,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)