
Kar, stavering, fêststelling en ymplemintaasje
Keuze, spelling, vaststelling en implementatie
Gauris wurde nammen fan wetters, wegen, strjitten, terreinen ensafuorthinne de lêste jierren yn it Frysk fêststeld. Fakentiden ûntsteane dan ek swierrichheden. Earst is it saak en fyn in goede namme. Dan komt de fraach hoe’t dy namme skreaun wurde moat.
Twa foarbylden fan kwestjes dy’t dan bygelyks spylje: Moatte beskate nammestikjes los fan elkoar skreaun wurde of krekt fêst en hoe sit it mei it haadlettergebrûk?
As men in adressearring yn it Frysk brûke wol, stiet suver elkenien foar soksoarte fragen. Om oerheidsynstânsjes, mar foaral ek partikulieren te geriven, hat de Fryske Akademy no in behindige twatalige (Nederlânsk en Frysk) brosjuere gearstald dêr’t de haadregels fan de stavering fan toponimen yn it Frysk (taljochte mei foarbylden) yn fêstlein binne.
Dêrnjonken wurdt yn it koart omtinken jûn oan de kar fan Frysktalige nammen, it offisjeel fêststellen dêrfan en oan de ymplemintaasje fan dy nammen.
De brosjuere Frysktalige toponimen. Kar, stavering, fêststelling en ymplemintaasje/Friestalige toponiemen. Keuze, spelling, vaststelling en implementatie is te bestellen by boekwinkel 'De Flits' fan de Akademy.
Foar € 5,00 wurdt de brosjuere tastjoerd.
As jo de brosjuere sels ophelje, binne de kosten € 3,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)